Aginda 21-02-2026: Cambuurtrainer Henk de Jong priuwt Liwwadder bier op Ynternasjonale Memmetaaldei

logo.ensafh

Op 21 febrewaris – de Ynternasjonale Memmetaaldei – steane taalferskaat, memmetalen en meartaligens wrâldwiid yn it sintsje. Ek yn Ljouwert wurdt dat fierd. Yn Slieker Film klinkt sawol it Noardfrysk as it Liwwadders, mei in bysûndere middei fan film, taal en bier.

Noardfrysk op it wite doek

Om 15.00 oere is de fertoaning fan de film Amrum (regy: Fatih Akin). De film spilet him ôf yn de lêste wiken fan de Twadde Wrâldoarloch op it Dútske waadeilân Amrum. Wy folgje de tolfjierrige Nanning, dy’t as “man fan it hûs” soargje moat foar syn mem en famylje yn in tiid fan krapte en ideologyske spanning.… Lês fierder

Aginda 26-03-2026: Lettertreffen

logo.ensafh

Bist skriuwer, útjouwer, of op in oare wize belutsen by literatuer yn Fryslân? Dan is Lettertreffen wat foar dy. Op tongersdei 26 maart organisearret Leeuwarden City of Literature de fjirde edysje fan dit jierlikse netwurkmomint. Dizze middei bringe wy de sektor byinoar: neist skriuwers en útjouwerijen, ek biblioteken, boekhannels, literêre tydskriften en stypjende organisaasjes. Wy diele ús plannen en minsken út it fjild komme oan it wurd. En fansels is der in soad tiid om inoar te moetsjen en te praten.

Lês fierder en meld dy oan by Ljouwert, COLLês fierder

Aginda 30-01-2026: Stellingwarver Verhaele-aovend

logo.ensafh

Op vri’jdagaovend 30 jannewaori van 20:00 tot 22:00 ure hoolt ’t Kiekhuus weer een Stellingwarver Verhaele-aovend. Dizze keer draegen de winner van de H.J Bergveldpries 2024 Harmen Houtman en dichterresse Roely Bakker veur uut hun ni’je dichtbundel ’Tegere’. Ok de bekende Stellingwarver schriever en verteller Johan Veenstra is dit jaor weer van de perti’j.

Sjoch foar mear ynformaasje by ’t KiekhuusLês fierder

Aginda 29-01-2026: Gedichte-aven in St.-Anne

logo.ensafh

Op donderdeg 29 jannewary 2026 om 19.30 uur fynt in de bibletheek fan St.-Anne de jaarlikse gedichte-aven plak. Foor jong en oud! Wille jim ’n gedicht foordrage, dan kinne jim jim anmelde fia info@bildtsaigene.nl. Geef dan ok even deur hoe’t ’t gedicht hyt en wie’t ’t skreven het. Opgeve kin ok deur te bellen na 06-45657383 of kom even in de bibletheek del.

Sjoch foar mear ynformaasje by ELBTLês fierder

Aginda 15-01-2026: Lunchlêzing | ‘Komt Heit hast yn?’ De opkomst fan de treddepersoansoansprekfoarm

logo.ensafh

Yn Fryslân kinst ien net allinnich mei ‘do’ of ‘jo’ oansprekke, mar ek yn de tredde persoan, lykas yn ‘Mem, kin mem my helpe?’ Dat bart faak yn de famyljesfear, mar komt ek foar op de wurkflier of op skoalle, lykas in studint dy’t oan Gerbrich freget: ‘Hat Gerbrich de tentamens al neisjoen?’ Dy gewoante makket de Fryske oansprekfoarmen in nijsgjirrich ûnderwerp fan ûndersyk.

Want wêrom gjin ‘do’ of ‘jo’? Yn de lunchlêzing dy’t Gerbrich de Jong op 15 jannewaris hâldt, lit se sjen hoe’t dy oansprekfoarm brûkt waard yn de tiid fan it Midfrysk en Nijfrysk. De literêre kolleksje fan Tresoar wie foar har datasamling fan grutte betsjutting, sawol foar it Midfrysk as foar it Nijfrysk (nei 1800).… Lês fierder