Aginda 23-11-2025: Bundelpresentatie Reade Runen / Rode Runen – Ella Wassenaer

logo.ensafh

Reade Runen / Rode Runen – Ella Wassenaer
De herontdekking van een visionaire Friese vrouwenstem

zondag 23 november 13:15 – 14:00 uur in het café van Podium Explore, Bagijnestraat 59, Leeuwarden – tijdens Explore the North Festival

Een uitgave van Pelckmans Uitgevers i.s.m. Explore the North & deBuren – met dank aan het Nederlands Letterenfonds

Pionierende vrouwelijke stem
De Friese schrijfster en dichteres Lipkje Post-Beuckens (1908-1983) schreef over vrouwen en mensen aan de rand van de samenleving. Ze publiceerde onder verschillende pseudoniemen, onder meer Ypk fan der Fear, haar poëzie schreef ze als Ella Wassenaer. Ze won vier keer de Rely Jorritsmapriis en kreeg in 1979 de Gysbert Japicxprijs voor haar hele oeuvre.… Lês fierder

Aginda 15-11-2025: Fedde Schurerlêzing ‘Grutsk op Fryslân … of krekt net?’

logo.ensafh

Yn in tiid fan globalisearring, mar ek groeiend konservatisme wurket de Fryske identiteit befrijend en belêstend. Joost Oomen en Sylvana IJsselmuiden sille fertelle oer harren fyzje op it tema.

Fedde Schurer wie Frysk, mar hie ek in drege relaasje mei it Fryske. Hy sette him in soad yn foar de Fryske taal en de Fryske kwestje. Mar minderheidsrjochten, sosjale kwestjes en sels de taal giene foar him de provinsjale grinzen te boppen. Dat wie soms in wrakseling, mei in omjouwing dy’t him net altyd goed begriep.

Ek yn it no bestiet dizze wrakseling foar in soad minsken; tusken komôf, komôf en takomst en hoe’t dy yn elkoar oerrinne.… Lês fierder

Aginda 27-11-2025: Skriuwerskafee

logo.ensafh

Op dizze lêste tongersdeis fan de moanne kinne skriuwers en dichters inoar moetsje by it Skriuwerskafee, yn Kafee De Gouden Leeuw. Tusken 19.00 en 21.30 uur is der tiid om by te praten, wurk te dielen en literêre plannen te meitsjen. Nim ‘pinnefruchten’ en ideeën mei foar in ynspirearjende jûn. Oant gau!

It Skriuwerskafee wurdt organisearre troch Sigrid Kingma, Gabrielle Terpstra en Arjan Hut.… Lês fierder

Aginda 09-11-2025: De Gjalp

logo.ensafh

Bêste literatuerleafhawwers,

Wy nûgje jimme fan herten út foar in foarstelling mei de earste risseltaten fan De Gjalp – in projekt fan de Moanne, Ensafh en RIXT dat de Fryske literatuer op nije plakken in stim jaan wol.

Dizze earste Gjalp ferbynt dichters en skriuwers mei film en biedt harren in poadium op it Noordelijk Film Festival (NoFF). Nei in iepen oprop binne tsien makkers selektearre. Sy hawwe harren plannen útwurke en sille dy no meiinoar op it NoFF presintearje. Fan poëzyfilms mei byld út it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) oant eksperiminten op it snijflak fan tekst, lûd, byld en fisuële keunst.… Lês fierder

Aginda 12-11-2025: Boekpresintaasje Janneke Spoelstra, ‘Wêr bliuwe de froulju?’

logo.ensafh

Janneke Spoelstra ynterviewde tsien dichters oer harren poëzy en harren posysje yn de Fryske literatuer. Net tafallich binne it alle tsien froulju. Skriuwe froulju likefolle as manlju? Wurde se like maklik publisearre? Hawwe froulju tsjintwurdich like goede kânsen as manlju yn ’e Fryske literatuer? Datsoarte saken kamen oan ’e oarder yn de ynterviews.

Op woansdei 12 novimber 2025, op de tredde Conference on Frisian Humanities, sil Janneke Spoelstra har bondel presintearje yn it Leonardo Oranje Hotel yn Ljouwert. De bondel hat de titel Wêr bliuwe de froulju? Ynterviewbondel oer de Fryske literatuer (1988-2023) meikrigen en wurdt útjûn by Afûk.

Sjoch foar mear ynformaasje en opjefte by de Fryske AkademyLês fierder