In nij boek en in nije foarstelling fan Bennie Huisman
Earne yn Fryslân, midden yn it wetterlân súdwestlik fan Snits, leit Sânfurd. In moaie tsjerke, in pear pleatsen, in hânfol huzen. Sânfurd hat Benny Huisman tweintich jier lyn ynspirearre ta in lietsje en in novelle.
Dy novelle is no útgroeid ta de roman ‘Sanfirdo’.
De novelle spile him ôf yn in wike tiids. De roman lykwols folget deselde haadpersoanen oer in tiidrek fan 25 jier yn it belibjen fan leafdes, yn it sykjen nei in plak op de wrâld, yn it sykjen nei in ’thús’. Tema’s dy’t in soad minsken dwaande hâlde en dy’t altyd wer fragen oproppe, dêr’t wy antwurden foar sykje.… Lês fierder
…