Aginda 24-10-18: Presintaasje Philippus Breuker, ‘Dreaun fan ierde’ dream. Libben en wurk fan Obe Postma’

logo.ensafh

Programma Boekpresintaasje

Philippus Breuker, Dreaun fan ierde’ dream. Libben en wurk fan Obe Postma
Tiid: 13:30 – 17:00, Woansdei 24 Oktober 2018; Gysbert
Japicxseal, Tresoar, Ljouwert.

Programma
13:30 Ynrin, ûntfangt mei kofje/tee.
14:00 Iepening troch George Huitema, foarsitter fan it Obe Postma Selskip.

Lês fierder by it Obe Postma Selskip (pdf)… Lês fierder

Aginda 28-09-18: FreMiBu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Aginda 29-09-18: Presintaasje Aksjeboek foar bern 2018 ‘de Bonsterkes’

logo.ensafh

Skriuwster fan it Aksjeboek Hanneke de Jong:

‘It Aksjeboek foar bern komt der oan! Op 29 septimber, middeis om trije oere, is de presintaasje yn MeM, it Talepaviljoen yn de Prinsetún te Ljouwert. Linda de Haan, dy’t de prachtige, fleurige yllustraasjes makke, en ik sille derfoar soargje dat jim jim net ferfele. Heiten, memmen, pakes, beppes, omkes, tantes, masters, juffen en fansels bern, binne fan herte wolkom!’

Lês fierder by Hanneke de JongLês fierder

Aginda 06 o/m 09-09-18: Taalkaravaan yn Dokkum

logo.ensafh

‘De lêste stop fan de Taalkaravaan is Dokkum. Dêr heakket Lân fan taal oan op de Admiraliteitsdagen. Dit grutte maritime en muzikale festival lûkt alle jierren tjientûzenden besikers en fynt yn 2018 plak fan 6 oant en mei 9 septimber. Yn it wykein ferrike wy de stêd mei foarstellingen en aktiviteiten fol talen en ferhalen.’

Sjoch foar mear ynfo by Lân fan TaalLês fierder

Aginda 23-09-18: Presintaasje Geheimen út ‘e Boskberch fan Janneke de Boer

logo.ensafh

Geheimen út `e Boskberch

De Boskberch, dêre yn it Drintsk-Fryske Wâld, draacht al iuwenlang in grut geheim yn him. Nimmen dy’t it wit. Yn ‘Geheimen út ’e Boskberch’ nimme de trije slakken Bearend, Sofy en frou D. dy mei de berch yn. Do leaust dyn eagen én dyn earen net, ast ûntdekst wat him dêre, yn dy berch,allegear ôfspilet.

Duorsume geheimen

De karakters en aksessoires yn Geheimen út `e Boskberch binne makke fan recycled materiaal sa as âlde sjirts, tafellekkens, fearkes út ‘Rôversguod’, plakbaltsjes, strykkralen, rommellaadfynsten, fûgeltsjesân, brânhout, rommelmerkeskatten, klaai en stiennen.

Oer de presentaasje:
Snein 23 septimber 16:00-17:00
Doarpshûs Weidum… Lês fierder

Aginda 07, 15, 21 en 22-09-18: kuiertocht ‘De Wuttelhaven del’

logo.ensafh

‘De Wuttelhaven del’ op basis roman Gysbert Japicxpriiswinner Steven H.P. de Jong

De literêre stêdskuier De Wuttelhaven del is in projekt binnen Lân fan Taal dat yn it neijier fan 2018 plakfine sil. De kuier is fundearre op de oarlochsroman fan Gysbert Japixcpriiswinner Steven H.P. de Jong. It ferhaal yn it boek tsjinnet as reade tried foar gedichten en lytse toanielstikjes op de rûte yn de talen Frysk, Ljouwertersk, Nederlânsk en Dútsk. De kuier rint troch moaie stikjes Ljouwert, mar lit tagelyk in tsjustere kant sjen. Op de rûte sille spilers de tema’s ferwurkje en sa it ferhaal fertelle.

19:00-20.30

L6es fierder by Sigrid KingmaLês fierder