Freed 7 septimber wurdt yn sealesintrum Nij Sion yn Nijewier de biografy fan de Fryske skriuwer, dichter en taalstrider Anders Minnes Wybenga presintearre:
Yn eigen taal
gearstald troch histoarikus Jan Minno Rozendal
Wybenga wie gernier yn ՚e omkriten fan Wetsens. Njonken it wurk op syn bedriuwke hat er in soad foar de Fryske saak út ՚e wei set.
Syn bydragen yn It Heitelân, De Tsjerne, De Stim fan Fryslân, It Griff. Frysk Tydskrift, De Dockumer Courant, it Friesch Dagblad en Yn ús eigen taal, it ledeblêd fan it Kristlik Frysk Selskip, binne net te tellen. Wybenga wie de earste Fryske dichter dy՚t it oandoarst en set alle 150 psalmen yn it Frysk oer (útjefte yn 1923).… Lês fierder