Visions of the Basque country through Frisian eyes (and words)
Op freedtejûn 6 july is Talepaviljoen MeM it dekor foar in ynternasjonale jûn mei literatuer en muzyk. Publyk is fan herte wolkom. Sintraal stiet de Baskyske taal en kultuer. Yn in ynformele talksjo komme ferskate sprekkers oan it wurd. Sa binne skriuwers Gerard de Jong en Bart Kingma te gast. Beide reizgen sy foar it literêre útwikselingsprojekt Oare Wurden nei Baskelân. Se fertelle oer harren ûnderfinings dêr en stelle de fraach oft der oerienkomsten binne tusken de Baskyske en Fryske taal en identiteit. Ek komt Mirjam Vellinga oan it wurd. As projektlieder fan Lân fan Taal by de Afûk is sy de betinkster fan de Baskyske wike.… Lês fierder