Aginda 25-05-18: Fremibu foar skriuwers en dichters

logo.ensafh

De FreMiBu is in treffen op in ynformeel en sfearfol plak dat net ôfhandich gelegen is.
Grand Café Wouters oan it stasjonsplein yn Ljouwert foldocht skoan oan de kritearia.

Alle kearen in ferrassing wa’t fan de kollega’s opdaagjen komme en hoe smout of besteklik oft it petear oan tafel wurdt, mar dat wurdt it wol!

De FreMiBu is op elke lêste freed fan de moanne.

Wa’t it in kear net skikt, mar wol komme woe – gjin noed! Elke oare moanne is der wer in FreMiBu…

Ynrintiid: healwei fiven oant seis oere, elk mei fansels bliuwe oant slutingstiid fan Wouters.

Dit is in partikulier (lês: net subsidearre; lês: der hoecht gjin ferantwurding ôflein te wurden, lês: jim betelje jim eigen drankjes en bitterballen) ynisjatyf, foaral bedoeld om mei inoar te praten en te drinken en yn ‘e kunde te kommen mei de oare bodders yn de Fryske literatuer.… Lês fierder

Aginda 18-05-18: Ynformaasjejûn oer Bartelje!

logo.ensafh

Bartelje! Fryske fariant op populêre Baskyske ymprovisaasjekeunst
Kin in geweldich populêre, iuwenâlde poëtyske keunstfoarm út Baskelân ek oanslaan yn Fryslân? Fiif Friezen tinke fan wol en sille it serieus besykje. Op freed 18 maaie om 20.00 oere wurdt yn talepaviljoen MeM yn Ljouwert it projekt ‘Bartelje!’ taljochte. Dan is ek de eksklusive foarpremjêre fan de FryslânDOK-dokumintêre ‘It súksesferhaal fan in minderheidstaal’, oer it Baskyske Bertsolaritza-fenomeen, en de earste stappen fan de inisjatyfnimmers om de ymprovisjaasjefoarm nei Fryslân te heljen.
Bertsolaritza
‘Bertsolaritza’ is poëzij, slam, ymprovisaasje, entertainment en muzyk tagelyk. In ‘bertso’ is in muzikaal fers yn Baskyske styl. De ‘bertsolari’ – sjonger fan de bertso – kriget in ûnderwerp oanrikt, en moat dêr nei tweintich sekonden betinktiid wat oer sjonge.… Lês fierder

Aginda 24-05-18: Presintaasje ‘It Parfum’

logo.ensafh

Op rûnfeartboat “Harmonie” (lisplak: Drachten) fersoarget Utjouwerij Regaad de presintaasje fan syn nijste boek: in Fryske oersetting, troch Jan Popkema, fan Patrick Süskind’s bekende misdiedroman “Das Parfum”.

Underweis oer de prachtige Smelle Ie sil it farfolk muzyk, poëzij, in moaie skôging oer it boek én wiet en drûch ta him nimme kinne. M.m.f. Elmar Kuiper, Hein Jaap Hilarides en Henk Harbers.

Fanwegen it beheinde tal plakken is opjefte fóar 22 maaie ferplichte (fia ynfo@regaad.nl).

http://www.regaad.nl/wp/boekpresintaasje-it-parfum… Lês fierder

Aginda 15-05-18: Presintaasje literatuerskiednis Salang’t de beam bloeit

logo.ensafh

Op tiisdei 15 maaie wurdt de nijste skiednis fan de Fryske literatuer presintearre: Salang’t de beam bloeit. De skiednis is skreaun foar elkenien dy’t mear witte wol oer de Fryske literatuer, foar learlingen en studinten mei ynteresse yn Fryske taal en literatuer en foar besikers fan Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd fan Europa 2018 (LF2018). It boek ferskynt dan ek yn it Frysk, Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk. Joke Corporaal hat it boek skreaun.

Lês fierder by SirkwyLês fierder