PRESINTAASJE CITYBOOK 14 APRIL
Takom wike Saterje, 14 april, presintearje ik jûns op it Taletúnfestival yn Ljouwert myn Citybook “Ik hâld fan in lûd fan in trein yn de fierte”. It is basearre op in pear fan myn Faceboekteksten oer de buert.
Sjonger en muzikant Wiebe Kaspers ha ik frege om my dêrby te helpen en hy hat ja sein! No hoopje ik dat jim ek allegear komme, dan wurdt it fêst hiel gesellich.
(In ‘Citybook’ is in ferhaal of rige gedichten oer in stêd, mei in maksimale foarlêstiid fan 30 minuten. Nei Hassan Blasim (Irak) en Erik Vlaminck (België) bin ik troch it Vlaams-Nederlands Huis deBuren as ynheemske skriuwer frege ek sa’n ferhaal oer Ljouwert te skriuwen.