Aginda 14-03-18: Jetske Bilker oer oersetting Boekewikegeskink
De Werkgroep Eredienst van de Protestantse Wijkgemeente Heerenveen – Zuid organiseert op maandag 19 maart 2018 een avond over het leven en het werk van Fedde Schurer.
Precies op die dag is het de vijftigste sterfdag van Fedde Schurer.
Het programma voor deze bijzondere avond heeft als thema : “…As in mosk yn it sân…” Deze avond zal worden gehouden in de Sionskerk aan de Marktweg 55 in Oudeschoot en begint om 19.30 uur. De toegang is gratis.
Medewerking aan deze avond zal worden verleend door het Kwartettekoor onder leiding van Hindrik van der Meer.
Verder zal de heer Hans Broekhuizen, wethouder van Culturele Zaken van de gemeente Heerenveen deze avond openen.… Lês fierder
PROGRAMMA OBE POSTMA DAGEN
*1* GEDICHTEMIDDEI: it biedwurd is Lânskipspine? In útdaging foar de Fryske dichters. Obe Postma is wol ‘de dichter fan it Fryske lân’ neamd. Postma, de boeresoan dy’t syn hiele fierdere libben yn de stêd trochbrocht hat, hat dat lânskip grif idealiseard. It krige by him wat fan it tiidleaze, en dat ek foaral fanwege syn oanstriid om yn it hjoed mear te sjen as wat syn each no en hjir seach: by him wie it hjoed it resultaat fan it ferline, en dy twa wienen ien, want yn it hjoed wie ek it ferline te sjen. Hij seach de werklikheid ‘dûbel’.… Lês fierder
Alles behoffene – sympoasium oer de neilittenskip fan Tony Feitsma 1928-2009
09-03-2018 13:30-17:00
Anthonia (Tony) Feitsma waard yn 1928 berne yn Brantgum. De famylje ferhuze letter nei de Wieringermar en sa kaam hja op it gymnasium yn Alkmaar.
Se studearre Deensk, Frânsk en Frysk oan de Universiteit fan Amsterdam en waard learares Frânsk oan de HBS fan Harns. Yn 1961 waard hja wittenskiplik meiwurker oan it Frysk Ynstitút fan de Ryksuniversiteit yn Grins. Hjir hâlde hja har dwaande mei it útjaan fan Midfryske teksten.
Yn 1968 gie se as wittenskiplik haadmeiwurker troch oan de Frije Universiteit. Yn 1974 promovearre se op in proefskrift oer Gysbert Japicx.… Lês fierder
Sjen yn it Tsjuster: earbetoan oan dichter en wrâldboarger Tsjêbbe Hettinga
Ek wa’t lyts is, kin grut tinke. Dy gedachte stiet sintraal yn Sjen yn it Tsjuster, in erfaringsfoarstelling yn it tsjuster fan terpdoarp Burchwert. De foarstelling is basearre op it gedicht ‘Lytse Jonge’ fan de Fryske dichter en wrâldboarger Tsjêbbe Hettinga.
“Jonge, lytsje jonge / Rop my / Rop my werom, werom.” It is it refrein út ‘Lytse Jonge’, it gedicht dat Tsjêbbe Hettinga skreaun oer it lân om Burchwert hinne, it doarp wêr’t er yn de jierren ’50 opgroeide. Sûnt april 2017 pronket it gedicht op in kademuorre yn Burchwert: in earbetoan oan de grutte dichter dy’t it doarp fuortbrocht.… Lês fierder
Ta gelegenheid fan de start fan de Nederlânske boekewike en de feestlike presintaasje fan it boekewikegeskink yn it Frysk organisearret de Afûk yn gearwurking mei Van Der Velde Boeken in boekefeest yn Schaaf City Theater yn Ljouwert. De jûn begjint om 19.30 oere.
Haadgast is Griet Op de Beeck. Fierder wurkje mei Jetske Bilker, Neeltje Bonnema, Baukje Zijlstra, Hilda Talsma, Elske Schotanus en Wendy Kennedy. De muzyk wurdt fersoarge troch Radio Barkas.
Kaarten foarferkeap €7,50 by boekhannel Afûk / Van Der Velde Boeken / Bibliotheek Leeuwarden of online fia www.afuk.nl. Oan de kassa €10,00.