Aginda 16-12-17: Skriuwersmiel fan it Skriuwersboun

logo.ensafh

Ek dit jier hâldt it Skriuwersboun foar de leden in Skriuwersmiel. En dit jier sil dat wer plakfine yn ’e Skierstins te Feanwâlden.
Dat sil heve op 16 desimber fan 17:30 oere ôf (ynrin fan 17:00 oere ôf). De jûn sil oant in oere as 21:30 duorje.

It tema is ‘Reizgjen yn jo wurk’. Hein Jaap Hilarides is krekt werom fan syn ferbliuw yn Maribor, Slovenië, dêr’t er twa moanne sitten hat foar it projekt Oare Wurden. Hy sil dêroer koart op ’e tekst. Dêrnei binne jo oan bar. Wy freegje nammentlik fan alle mei-iters om op syn heechst fiif minuten te fertellen oer hoe’t jo reizgjen yn jo wurk ferwurkje of faaks ferwurkje soenen.… Lês fierder

Aginda 07-12-17: ‘Wat-jo-wolle dichtjûn’

logo.ensafh

De Moanne organisearret op tongersdei 7 desimber yn gearwurking mei Tryater de ‘Wat-jo-wolle dichtjûn’. Op dizze jûn sille Arjan Hut, Anne Feddema en Grytsje Schaaf it eksperimint oangean mei it publyk. Wat wol it publyk? Hoe fier gean de dichters? Slagget it om elkenien te jaan wat er wol?

De dichters
Nei oanlieding fan de Tryaterfoarstelling ‘Wat-jo-wolle’ hawwe Arjan Hut, Anne Feddema en Grytsje Schaaf neitocht oer hoe ’t se it publyk belûke kinne by harren optreden. Tegearre mei it publyk sille de dichters op syk nei de perfekte dichtjûn. De fraach bliuwt: slagget it om elkenien te jaan wat er wol?… Lês fierder

Aginda 14-12-17: Jelle Krol oer WOI en West-Europese minderheidstaal-literatuur

logo.ensafh

Al voordat de Eerste Wereldoorlog was afgelopen, zegde de Amerikaanse president Woodrow Wilson volken in Europa het recht van zelfbeschikking toe. Toen de vredes­onderhandelingen in 1919 begonnen, was er niet alleen in Oost- en Zuid-Europa bij kleine volken hoop op meer zelfbeschikking, maar ook in gebieden als Bretagne, Wales, Schotland en Fryslân. Hoe zetten vier schrijvers uit laatstgenoemde gebieden (Roparz Hemon, Saunders Lewis, Hugh MacDiarmid en Douwe Kalma) zich er voor in om hun taal op de kaart te zetten? Hoor het tijdens deze lezing!

Sjoch foar mear ynfo by volksuniversiteitfryslanLês fierder

Aginda 23-11-17: Lêzing Oera Lindaboek

logo.ensafh

Hoe’t it kin dat it mysterieuze hânskrift út de Fryske Kanon yn safolle lannen safolle losmakke hat.​
Yn 1867 waard in mysterieus hânskrift ta bestudearring foarlein oan it Frysk Genoatskip. It wie Cornelis Over de Linden dy’t it hânskrift in oantal jierren dêrfoar krigen hat. It boek beskriuwt dat der al yn it jier 2000 foar Kristus in Fryske beskaving ûntstien wie dy’t as foarbyld jildde foar de beskavingen dy’t dêrnei kamen. Yn de jierren nei de ‘ûntdekking’ fan it boek wie der in soad diskusje oer de autentisiteit en wie men op syk nei de skriuwers. Ek yn it ynterbellum is it boek yn ‘e oandacht kaam en sels frij resint hat der ynteresse west yn it boek.… Lês fierder