Op sneon 25 novimber wurdt foar de sânde kear op rige in Fedde Schurerlêzing holden. De organisearjende partijen binne de Ried fan de Fryske Beweging, Tresoar en it Histoarysk Sintrum Ljouwert. Alle kearen wurdt der omtinken frege foar in ûnderwerp dêr’t Fedde Schurer him mei dwaande hold. Dizze kear giet it oer skiednis en ûnderwiis. It tema sil wêze ‘Hoe wêzentlik is in universiteit foar in provinsje? Refleksjes út de skiednis yn Fryslân en earne oars wei.’
De komst fan Ryksuniversiteit Grins/Kampus Fryslân en de oanwêzichheid fan oare wittenskiplike ynstituten yn Fryslân wie oanlieding om prof. dr. Willem Frijhoff te freegjen it belang fan dy ûntjouwing yn in ynternasjonaal histoarysk perspektyf te besjen.… Lês fierder