‘Yn in tiid dat alle mieningen telle en se hieltyd hurder tsjin mekoar opbotse, komt Tryater mei in passend antwurd: De ideale teaterjûn! De akteurs besykje út te finen wat it publyk no eins echt sjen wol. Harren grutste prestaasje is jimme ferdivedaasje. As út in toverdoaze wurde de sênes delsetten. De fraach bliuwt: slagget it om elkenien te jaan wat er wol?
Nei oanlieding fan dizze nije Tryaterfoarstelling ‘Wat jo wolle’ hawwe Arjan Hut, Grytsje Schaaf, Syds Wiersma en Anne Feddema, yn opdracht fan ‘de Moanne’ en Tryater, neitocht oer hoe’t se it publyk belûke kinne by harren optreden. Dat wolle se graach útprebearje op de ‘Wat-jo-wolle-dichtjûn’!… Lês fierder