
Utnûging
Syds Wiersma werom oan it dichtersfront
Nei 24 jier sil de twadde dichtbondel fan Syds Wiersma útkomme. Syds dichte yn de tuskentiid wol, ferkearde lykwols foar it grutste part yn oare wrâlden, mar de lêste jierren streamt syn dichtersier wer folop. Dat hat resultearre yn de bondel Raffelwjok, dy’t ferskynt by útjouwerij Hispel. Dit heuchlike feit sil fierd wurde mei in presintaasje en dichtersjûn op freed 8 july de jûns om 20.00 oere op de Kampearpleats de Swetteblom fan Jochum Rypma (www.swetteblom.nl). Do wurdst fan herten útnûge om der by te wêzen
Nêst Syds Wiersma sels sille ûnderskate oare dichters foar it buordsje komme, yn alle gefallen Gerda Posthumus, Janneke Spoelstra, Hans Westin, Tsjisse Hettema , Elmar Kuiper, Piter Boersma, Cornelis van der Wal en Edwin de Groot:
Mei groetnis en hooplik oant 8 july,
Syds Wiersma en Utjouwerij Hispel
Datum: 8 july
Tiid: 20.00 oere
Plak:
Kampearpleats de Swetteblom
Swettepaad 3
9025 BT Bears
Rûtebeskriuwing auto:
’t Hearrenfean rjochting Ljouwert of Ljouwert rjochting ’t Hearrenfean, nim ôfslach Weidum-Wytgaard.… Lês fierder