Aginda 02-09-16: Presentatie Stellingwerver ‘Sprokies’

logo.ensafh

De presentatie van Sprokies van Grimm in ’t Stellingwarfs, een Stellingwerver verzameling van de wereldberoemde sprookjes van de gebroeders Grimm, vindt vrijdagmiddag 2 september plaats.

Het gaat om een nieuw deel in een lopende serie van Grimmsprookjes in kleine talen. Eerder verschenen al een Friese (2012), een Bildtse (2015) en een Groninger vertaling (maart 2016). Het boek zal al verkrijgbaar zijn tijdens de Stellingwerver ‘sutelaktie’, die dit jaar loopt van 29 augustus tot en met 14 september.

De Stellingwerver vertaling is vervaardigd door Sietske Bloemhoff & Henk Bloemhoff. De uitgave is een samenwerking van Taalburo Popkema en de Stellingwarver Schrieversronte. Het boek bevat 23 sprookjes, met evenveel illustraties van Peter Boersma & Hilda Groenesteyn.… Lês fierder

Aginda 09-09-16: Middei oer de Obe Postma nominaasjes

logo.ensafh

As opwaarmer foar it Frysk Boekefeest organisearje Regaad en Skanomodu it ‘Obe foarspul’: in spesjale middei oer de Fryske oersetterij mei foarbeskôgings oer de Obe, optredens, in Battle of the Titans, muzyk én de bekendmakking fan de winner fan de lytse Obe, in spesjale oersetwedstryd.

Lokaasje: Theaterskip Bald’r (efter Tresoar yn de Prinsetún)
Datum en tiid: freed 9 septimber: 15.30 – 18.00 oere.

Boarne: TresoarLês fierder

Aginda 09-09-16: Frysk Boekefeest

logo.ensafh

Op freed 9 septimber wurdt ‘Swalk Frysk op toernee’, iepene mei it tradisjonele Frysk boekefeest, yn Ljouwert yn Tresoar om 20.30 oere. Under oaren boekoanbieding fan it Kadoboek ‘Neiskrift’ fan Marga Claus en Aggie van der Meer en it Aksjeboek foar bern ‘Wapper’ fan Yke Reeder.

De muzyk wurdt fersoarge troch de band ‘Wiebe’, mei Wiebe Kaspers, Florian den Hollander en Daan Slagter. Wybo Smids hat de lieding fan de Swalkoptredens.

Dit jier is it tema fan Swalk ‘Brieven’, fanwege it Kadoboek ‘Neiskrift ’in brieveroman, skreaun troch Marga Claus en Aggie van der Meer.

Boarne: SwalkLês fierder

Aginda 08-07-16: presintaasje ‘Raffelwjok’ fan Syds Wiersma

logo.ensafh

syds omslag PLANO.indd

Utnûging

Syds Wiersma werom oan it dichtersfront

Nei 24 jier sil de twadde dichtbondel fan Syds Wiersma útkomme. Syds dichte yn de tuskentiid wol, ferkearde lykwols foar it grutste part yn oare wrâlden, mar de lêste jierren streamt syn dichtersier wer folop. Dat hat resultearre yn de bondel Raffelwjok, dy’t ferskynt by útjouwerij Hispel. Dit heuchlike feit sil fierd wurde mei in presintaasje en dichtersjûn op freed 8 july de jûns om 20.00 oere op de Kampearpleats de Swetteblom fan Jochum Rypma (www.swetteblom.nl). Do wurdst fan herten útnûge om der by te wêzen
Nêst Syds Wiersma sels sille ûnderskate oare dichters foar it buordsje komme, yn alle gefallen Gerda Posthumus, Janneke Spoelstra, Hans Westin, Tsjisse Hettema , Elmar Kuiper, Piter Boersma, Cornelis van der Wal en Edwin de Groot:

Mei groetnis en hooplik oant 8 july,

Syds Wiersma en Utjouwerij Hispel
Datum: 8 july
Tiid: 20.00 oere
Plak:
Kampearpleats de Swetteblom
Swettepaad 3
9025 BT Bears

Rûtebeskriuwing auto:
’t Hearrenfean rjochting Ljouwert of Ljouwert rjochting ’t Hearrenfean, nim ôfslach Weidum-Wytgaard.… Lês fierder