Fan septimber 2025 oant en mei maart 2026 wurde de ynwenners fan Fryslân troch it Steatekomitee Frysk útdage om mei te tinken oer de takomst fan it Frysk. Om ynwenners aktyf te beheljen by it proses, sil it Steatekomitee it online platfoarm Stim fan Fryslân ynsette.
Stim fan Fryslân is spesjaal ûntwikkele om boargers mear ynfloed te jaan op it belied fan de provinsje en biedt romte foar ideeën, diskusjes en ynspraak, yn dit gefal oer de takomst fan de Fryske taal en kultuer. Om minsken te wizen op de mooglikheid om mei te praten, wurdt de kampanje ûnder de oandacht brocht fia sosjale media, adfertinsjes en posters.… Lês fierder