Teleks: Jan Kooistra op it ynternasjonale dichtersfestival Transpoesie 2025

logo.ensafh

Jan Kooistra op it ynternasjonale dichtersfestival Transpoesie 2025

Tongersdei 18 en freed 19 septimber hat yn Antwerpen en Brussel it ynternasjonale dichtersbarren Transpoesie plak. It tema dit jier is “turbulent times” en yn dat ramt sil dichter Jan Kooistra in pear gedichten yn it Frysk foarlêze, ûnder oare Jûnskuier yn febrewaris. Dit jier dogge der dichters mei út 16 lannen, dy’t yn harren eigen – lytse of grutte – taal optrede sille. Alle gedichten binne ek oersetten en komme beskikber op de website.


Wa’t hinne wol om Jan Kooistra te sjen en te hearren, dat kin fansels! Hy treedt op tongersdei 18 septimber op yn it Letterenhuis yn Antwerpen tusken 19.00 en 21.30 oere, mar middeis binne der ek al mooglikheden om yn kontakt te kommen mei de ferskate dichters.… Lês fierder

Teleks: Elmar Kuiper wint Gysbert Japicxpriis 2025

logo.ensafh

Elmar Kuiper wint Gysbert Japicxpriis 2025

Dichter Elmar Kuiper is de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2025. Hy krijt de wichtichste priis foar Fryske literatuer foar syn dichtbondel Ferlosboartsje. Op tongersdei 28 augustus is hy thús ferrast mei in besite fan taaldeputearre Eke Folkerts.

De advyskommisje keas mei folle oertsjûging foar dizze bondel. “Yn Ferlosboartsje komt de lêzer yn in poëtysk universum dat fier rikt foarby de grinzen fan it konvinsjonele fers. Dizze dichtbondel is in moedige, foarmbewuste en oandwaanlike ferkenning fan poëzij, byld en inerlike kontemplaasje. Mei elk gedicht rekt de dichter it format fan de poëzij op, befreget it en makket it op ‘e nij.”… Lês fierder

Teleks: Winners Gjalp bekend makke

logo.ensafh

WA WINNE DE GJALP?

De tsien winners fan de Gjalp binne justermiddei yn it Bouwurk fan Arcadia troch deputearre Eke Folkerts bekendmakke. It giet om fiif dichters dy’t in gedicht skreaun hawwe by filmfragminten út it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) en om fiif skriuwers dy’t filmideeën ynstjoerd hawwe mei it each op it Noardlik Film Festival fan 5-9 novimber.

De Gjalp is in projekt fan Ensafh, de Moanne en RIXT, dat de Fryske literatuer de kommende jierren op ferskate grutte festivals sichtber meitsje wol om sa talint te stimulearjen en in nij publyk mei Fryske skriuwers en dichters yn ‘e kunde komme te litten.… Lês fierder

Teleks: Wa winne De Gjalp? 

logo.ensafh

Wa winne  De Gjalp? 

Under de namme De Gjalp hawwe Ensafh, de Moanne en  RIXT yn juny twa iepen oproppen foar skriuwers en dichters  presintearre. Makkers koene harren wurk ynstjoere foar  publikaasje én presintaasje op it Noardlik Film Festival,  dat fan 5-9 novimber 2025 organisearre wurdt. 

De selektearre dichters en skriuwers sille bekend makke  wurde op tongersdei 21 augustus fan 12.00 – 13.30 oere  yn it Bouwurk op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert.  Ynrin om 11.30 oere. Deputearre Eke Folkerts makket  de nammen dan bekend, de presintaasje is yn hannen  fan dokumintêremakker en sjoernaliste Karen Bies.  De winnende dichters sille harren fers foardrage.Lês fierder

Teleks: Masterclass Berneboekewike

logo.ensafh

De earste wike fan oktober is de lanlike Kinderboekenweek. Ynspirearjend Meartalich Underwiis slút alle jierren by it lanlike tema oan mei in Fryske Berneboekewike wêr’t Fryske boeken de basis foarmje om op in kreative, ynspirearjende en meartalige wize mei Frysk en streektalen oan de slach te gean.

Alle jierren fersoarget YMU in pear wiken foar de Berneboekewike in Masterclass foar leararen, taal- en lêskoördinatoaren en lêskonsulinten. Der is in ynspiraasjemerk, de skriuwers fan de boeken komme te sinjearjen, der is muzyk, toaniel en in tal wurkwinkels. Koartsein: in middei foar moeting, ynspiraasje opdwaan en gesellichheid.

Yn 2025 fynt de Masterclass plak op 10 septimber.… Lês fierder