Dyn literêre talint ûntwikkelje? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en de Schrijversvakschool. Op woansdei 24 septimber set it lesblok Skriuwtechniken A wer útein by Tresoar yn Ljouwert. Op woansdei 3 septimber is der in fergees tagonklike yntroduksjeles.
Yn it lesblok Skriuwtechniken A komst yn ’e kunde mei de eigen skriuwstyl, learst om te eksperimintearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken. Elkenien kin meidwaan oan de lessen Skriuwtechniken A, om út te probearjen of it skriuwen en de Skriuwersfakskoalle echt wat foar dy is.
De tolve lessen fan de kursus Skriuwtechniken A binne fan 24 septimber ôf op woansdeitejûn fan 18:45 oant 21:45 oere by Tresoar yn Ljouwert.… Lês fierder