Nasjonaal Boekewikegeskink ‘De krater’ ferskynt ek yn it Frysk
It Nasjonale Boekewikegeskink ferskynt ek dit jier wer yn it Frysk. De Fryske oersetting fan ‘De krater’
is makke troch Jetske Bilker. De kommende Boekewike is de 90e edysje. Foar dizze ekstra feestlike – en ekstra lange – wike lansearre de CPNB in wedstriid foar skriuwers. It winnende manuskript fan Gerwin van der Werf waard úteinlik keazen as Boekewikegeskink foar de Nasjonale Boekewike 2025.
Skriuwer Gerwin van der Werf oer it ferskinen fan it Boekwikegeskink yn it Frysk: “Ik ben heel trots! Dit is geweldig leuk voor de hele familie Van der Werf, afkomstig uit Veenwouden en Leeuwarden, en oorspronkelijk uit Sneek!”… Lês fierder