Teleks: Anton Wachterprijs 2026 naar Robin Kramer voor ‘Achtertuinen’

logo.ensafh

Robin Kramer won zaterdag in Harlingen de Anton Wachterprijs 2026 voor zijn debuut Achtertuinen. De tweejaarlijkse prijs geldt als een van de belangrijkste onderscheidingen voor het beste Nederlandstalige literaire prozadebuut. Burgemeester van Harlingen Ina Sjerps reikte de prijs uit. Voor deze 25e editie werden 95 debuten ingezonden.

Lês fierder by RecensiewebLês fierder

Teleks: Eppie Dam ferstoarn

logo.ensafh
Dichter, skriuwer, oersetter en kollumnist Eppie Dam is freed yn syn wenplak Sleat ferstoarn. Yn 2017 krige er de Gysbert Japicx-priis foar syn dichtbondel Fallend ljocht. Hy is 73 jier wurden.
Eppie Dam waard yn 1953 berne yn Kollumerpomp. Hy folge in oplieding ta ûnderwizer en wurke as earst op Urk en letter yn Balk.
Yn 1978 debutearre er yn ien en itselde jier mei in dichtbondel en in ferhalebondel. It wie tekenjend foar syn hege produksje en syn alsidich talint. Al mei al hat er sa’n tachtich titels op syn namme te stean.
Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân 
Sjoch ek by Tresoar
Lês fierder

Teleks: WINNERS FRYSKE ESSAYPRIIS BEKENDMAKKE

logo.ensafh

Yn in waarm mar smûk Theater De Bres is op tongersdeitejûn 18 juny de winner bekendmakke fan de Fryske Essaywedstriid fan It Skriuwersbûn en Tresoar. Nei in ynlieding troch de foarsitter fan It Skriuwersbûn, Ammerins Moss-de Boer, dy’t yngie op it wêrom fan de priis en weromseach op de foarige edysje, yn 1994, wie it earst tiid foar in moai stik muzyk fan Bennie Huisman om yn de sfear te kommen. De sjuery, Abe de Vries, Doeke Sijens en Jelma Knol, hat mei nocht de 20 jildige ynstjoerings lêzen en levere in útwreidsk sjueryraport ôf, dat foarlêzen waard troch Jelma Knol.… Lês fierder

Teleks: Wa is de bêste Fryske Poëzyslammer 2026? GIET NET TROCH!

logo.ensafh

Giet net troch

Doarsto yn de ring fan taal te stappen?

Lit dyn wurden dûnsje, fjochtsje, ferrasse en wurd ien fan de tsien dichters by de
Fryske Poëzyslam.
Nim it mei dyn ferpletterjende foardracht fol poëtyske hichtepunten
op tsjin oare Fryske dichters.

It publyk kiest yn trije rondes de bêste slammer.
Winsto – neist ivige rom – de prachtige wikselbeker én 500 euro?

Doch op 25 juny mei oan de Fryske Poëzyslam by Tresoar.

Meld dy oan (mail nei marijke.deboer@tresoar.nl)
én nim fans, famylje en freonen mei.

Jim kinne jim oanmelde oant en mei 17-06-2026!

Lês fierder

Teleks: Lara Kool nieuwe Havendichter van Leeuwarden

logo.ensafh

op zondag 14 juni a.s., ‘s middags van 14.00 tot 16.00 uur aan boord van de Stânfries X, afgemeerd aan de Wirdumerpoortsdwinger 8 in Leeuwarden. U vindt de Stânfries X in de zgn. zwaaikom, voor de Mercuriusfontein, Campus Fryslân (v.h. de Beurs) en de Beursbrug.

Ter informatie

De Havendichter van Leeuwarden is een initiatief van de Stichting Museumhaven Leeuwarden, naar een idee van Henk Dillerop, oud-bestuurslid van de stichting en haar vlaggenschip Stânfries X, indertijd belast met kunst en cultuur.

Lês fierder by Liwwadders

 … Lês fierder

Teleks: Sân winners en in oanmoedigingspriis foar de Gjalp

logo.ensafh

Sân winners en in oanmoedigingspriis foar de Gjalp

De Gjalp hat dit jier sân ynstjoerders ta winner útroppen. De priiswinners wurde op woansdeitejûn 17 juny op it poadium roppen, wêrby’t de winnende gedichten foardroegen wurde en guon fan de ideeën foar performance taljochte wurde sille. Ek wurdt dy jûn mear bekend makke oer de Gjalp 2027.

Under de namme de Gjalp hawwe Ensafh, de Moanne en RIXT yn maart dit jier twa iepen oproppen foar skriuwers en dichters presintearre. Makkers koene in gedicht of in idee foar in festivalproduksje ynstjoere. De ynstjoerde gedichten binne troch de sjuery anonym beoardiele. It tema wie ‘It Waad’, want de Gjalp hat dit jier de gearwurking socht mei in tal festivals yn it waadgebiet.… Lês fierder

Teleks: Fiif winners Rely Jorritsmapriis 2026

logo.ensafh

Ien ferhaal en fjouwer gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. By it ferhaal giet it om ‘In Portugeesk ythûs’ fan Sytse Jansma (Harns).

It winnende gedicht fan Geart Tigchelaar (Jorwert) hat gjin titel. De oare winnende gedichten binne ‘De seepappegaai seit: ‘Uhh…’ ‘ fan Janneke Spoelstra (Alde Leie), ‘reidseame’ fan Marije Roorda (Broek) en ‘Skilderles’ fan Pim Rodenboog (Aldebildtsyl).

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach, dy’t dit jier foar de 72ste kear útskreaun waard, wienen 91 ynstjoeringen ynkommen, te witten 34 ferhalen en 57 gedichten. De sjuery bestie diskear út Gerbrich van der Meer, Reitze Jonkman en Yvonne Dijkstra.

De prizen fan €1000 elk wurde op sneon 3 oktober útrikt yn it Mammemahûs te Jellum.… Lês fierder