Teleks: Nij fers Dichter fan Fryslân ‘Lighten up, Kim Jong-un’

logo.ensafh

 

 

 

 

Lighten up, Kim Jong-un

se iepenje it fjoer

dizze nacht, mei linten ôfset, achter wite skermen

se iepenje it fjoer
op it âlde hûs

wa iepenet it fjoer?
de fijân iepenet it fjoer!
ík iepenje it fjoer
joost oomen iepenet it fjoer
de afûk, kapitein haddock, dichterskollektyf rixt, mahatma gandhi en de sosjale fersekeringsbank iepenje it fjoer

Lês fierder by Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: Janneke Heslinga wint ferhalewedstriid BoekFloedBoek

logo.ensafh

Janneke Heslinga hat de ferhalewedstriid by de proazajûn BoekFloedBoek yn Herbergh Het Wapen van Friesland wûn. Har ferhaal ‘Wachtsje op…’ waard troch sjueryleden Gabrielle Terpstra en Martsje de Jong priizge om de orizjinaliteit en de kwaliteit. ‘It ferhaal is echt ôf en tige soarchfâldich skreaun. Hiel knap,’ sa fynt de sjuery.
Heslinga stjoerde ferline jier foar it earst in ferhaal yn en ûntwikkelt har talint ûnder lieding fan Jetske Bilker op de skriuwersfakskoalle. Earder dit jier waarden ek al ferhalen fan har publisearre yn it Literêr Tydskrift Ensafh.

De ferhalewedstriid en ferhalejûn BoekFloedBoek waard organisearre troch Martsje de Jong yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân.… Lês fierder

Teleks: Oprop gedichten oer it tema Taal

logo.ensafh

As it troch finansjele stipe mooglik makke wurdt, sil Frysk en Frij yn 2025 in sammeldichtbondel útjaan mei lyryk oer it tema: Taal. Oarspronklike fersen dy’t net earder publiseard binne en gjin oersettingen fan oaren.

Dat tema Taal is heel breed – gelukkich. Sa kinne je út ’e romte tarre.
Foar guon dy’t ferlet ha fan ôfbeakening fan dat universum hjir wat suggestjes:
Memmetaal, Leafdetaal, Oarlochstaal, Taaldiskriminaasje, Taal en macht, Minderheidstaal, Bernetaal, Tongetaal, Geheimtaal, Lichemstaal, Taal en identiteit.
Mear ideeën? Lit it ús witte

Lês fierder by Frysk en FrijLês fierder

Teleks: Albert Walsweer bysûnder lektor Fryske Taal en Kultuer by NHL Stenden

logo.ensafh

NHL Stenden beneamt mei yngong fan 1 jannewaris 2025 Albert Walsweer ta bysûnder lektor Fryske Taal en Kultuer. It lektoraat is ta stân kommen yn gearwurking mei de Provinsje Fryslân en is ynsteld om de doelstellings fan it belied Taalplan Frysk 2030 mei stal te jaan. It bysûnder lektoraat makket ûnderdiel út fan it lectoraat Meertaligheid en Geletterdheid fan NHL Stenden.

Albert Walsweer hat in brede ûnderfining yn it ûnderwiis. Hy wurke as learaar, as ûnderwiisadviseur by ECNO en as ûndersiker en associate lector yn it lectoraat Meertaligheid en Geletterdheid. As lektor sil hy, yn ’e mande mei oaren en yn opdracht fan de Provinsje Fryslân, op ’e praktyk rjochte ûndersyk dwaan en him rjochtsje op de fraach hoe’t skoallen de Fryske taal en kultuer op in tagonklike en ynspirearjende manier ferwurkje kinne yn har kurrukulum, sadat yn 2030 alle learlingen en studinten de kâns krije Frysk te learen en te brûken.… Lês fierder

Teleks: ‘Gouden Kneppel’ foar Willem Schoorstra

logo.ensafh

De Gouden Kneppel is in priis dy’t ynsteld is troch de Jongfryske Mienskip yn ‘e hjerst fan 2021, 70 jier nei it histoarysk barren fan Kneppelfreed op 16 november 1951 te Ljouwert. Freedtejûn 15 novimber 2024 tidens de tige slagge Smûke Jûn yn de seal mei grôtfol leden en sympatisanten rikke de Jongfryske Mienskip de twadde Gouden Kneppel út oan Willem Schoorstra. Willem Schoorstra is in bysûndere persoan mei in hiele protte talinten, hy waard berne yn 1959 yn Ternaard.

Lês en sjoch fierder by RTV NoordoostLês fierder

Teleks: Kabinet wil toch alternatieven voor btw-verhoging op onder andere kranten en tijdschriften

logo.ensafh

Het kabinet wil toch in gesprek met oppositie over alternatieven voor btw-verhoging op cultuur en sport, waaronder ook op tijdschriften, kranten en boeken. Laatste wijziging:

Minister van Financiën Eelco Heinen was voorzichtig, maar sprak van een “mooi voorstel” vanuit de oppositie.

Algemeen secretaris Thomas Bruning van beroepsvereniging NVJ beschouwt het voorstel voorlopig als een zeer positief tussenresultaat.

‘Mede te danken aan een intensieve lobby, waarvoor uitgevers en journalisten, NDP nieuwsmedia en NVJ, samen met vertegenwoordigers uit sport en cultuur, hard hebben gestreden. Nu is het zaak dat van uitstel ook echt afstel komt.

Lês fierder by VillamediaLês fierder

Teleks: Stedsdichter iepenet pop-up gedichtewinkel yn Ljouwert

logo.ensafh

Fan 15 novimber ôf iepenet De Zinnenfabriek de doarren foar elkenien dy’t op ’e siik is nei in bysûnder Sinteklaas- of krystgedicht. Dy pop-up poëzywinkel, oprjochte yn gearwurking mei de gemeente Ljouwert, nûget jong en âld út om tusken kastkes en fekjes fol ferrassende teksten en orizjinele gedichten te sneupen. De Zinnenfabriek is tydlik iepen oant heal desimber en wurdt beheard troch Stedsdichter Marrit Jellema en har ploech fan wurdkeunstners.

Lês fierder by GoeieLês fierder