It Fryske boek sit yn de lift: “Frysk is folle seksyer as minsken tinke”

logo.ensafh

Ek al giet it minder mei it lêzen; mei de ferkeap fan it Fryske boek giet it bêst. Berneboeken, mar ek romans foar folwoeksenen dogge it goed yn de Fryske Boekewike en by sutelaksjes.
By de Fryske Boekewike dy’t krekt ôfsletten is, is it kadoboek oprekke. Elke keaper hat dus foar op syn minst 15 euro oan Fryske boeken kocht.
Ek de sutelaksjes, wêrby’t der alle jierren mei de kroade by de doarren del kuiere wurdt, rûnen bysûnder goed. Lykas ôfrûne wykein yn Bitgum en omkriten.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Mei Meindert Talma syn ‘Wynroas’ krijt de Fryske literatuer syn jierlikse ympuls

logo.ensafh

De Fryske Boekewike, it jierlikse feest fan de Fryske literatuer, is freedtejûn úteinset mei it Frysk Boekefeest. Wat stiet der allegearre op it programma? Hoe giet it eins mei de Fryske literatuer? En hokker Fryske boeken binne no populêr?
Al jierren is Boeken Fan Fryslân, in organisaasje foar de promoasje fan it Fryske boek, de driuwende krêft efter de Fryske Boekewike. Dêrby wurdt jierliks de Fryske literatuer yn it sintsje set. Dat moat de oandacht foar Fryske boeken in ympuls jaan.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder