Teleks: Fryske kultuer ferwachtet kealslach: “Sit gjin gedachte achter kabinetsplannen”

logo.ensafh

Yn de Fryske kulturele sektor is grutte noed oer de takomst. Der stiet in btw-ferheging op steapel en gemeenten ha minder jild beskikber foar kultuer. “We rinne twa ton mis.”
“We hawwe gjin spek mear op de bonken as kulturele organisaasjes”, seit Elly van der Goot. Sy is direkteur fan skouboarch De Lawei yn Drachten. De sektor hie it al net maklik: “We komme út de coronakrisis, der binne hege enerzjylesten en hegere leanen.”

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Dr. Obe Postmapriis 2024 foar Willem Schoorstra

logo.ensafh

De dr. Obe Postmapriis 2024 wurdt takend oan Willem Schoorstra foar syn boek De Poëtyske Edda. De priis wurdt 8 novimber útrikt troch deputearre Eke Folkerts en bestiet út 4.000 euro en in oarkonde.

De Edda is yn Yslân skreaun, yn de djippe midsiuwen, en befettet goade- en heldeferhalen yn dichtfoarm. Neffens de advyskommisje, besteande út Maaike Andringa, Marc van Oostendorp en Rein Smilde, hat Willem Schoorstra de Edda omset ‘yn in Frysk dat in goed midden hâldt tusken respekt foar de – somtiden tsjustere – oarspronklike tekst en it libbene karakter’. De poëtyske Edda is mei tal fan ferklearringen en in wiidweidige ynlieding neffens de advyskommisje net in tekst om lekker op it strân te lêzen, mar in boek dat om konsintraasje freget.… Lês fierder

Teleks: Fryske Keimpe boekjes voor basisscholen in Noardeast-Fryslân

logo.ensafh

De gemeente Noardeast-Fryslân heeft in samenwerking met de Afûk ervoor gezorgd dat de kinderen van groepen 1 tot en met 4 van alle scholen in de gemeente gratis boekjes krijgen van Keimpe de Krokodil. Het is belangrijk om het lezen bij kinderen te stimuleren, hierbij hoort ook het Fries lezen.

Van 9 tot en met 27 september 2024 zijn het weer de ‘Lês-mar-foar-wiken’. Naar aanleiding van deze weken verschijnt elk jaar een nieuw Keimpe-boekje.

Lês fierder by WâldnetLês fierder

Teleks: Bysûndere Aldfryske fragminten opdûkt yn Eastenryk

logo.ensafh

Yn de Eastenrykske Nasjonale Biblioteek yn Wenen binne twa bysûndere Aldfryske fragminten oantroffen. It giet ûnder oare om siden fan in oant no ta ûnbekende ferzje fan de Aldfryske Wilkarren fan de Fiif Dielen, dy’t taalkundich datearre wurde kinne yn de iere 14e iuw. De fynst is bekend makke troch de Eastenrykske prof. dr. Robert Nedoma yn it foaroprinnende wittenskiplik tydskrift DIE SPRACHE. Seitskrift für Sprachwissenschaft.

De hânskriftfragminten makken lange tiid diel út fan de priveekolleksje fan Josef Bick (1880 -1952), earder direkteur fan de Österreichischen Nationalbibliothek, dy’t de stikken by syn stúdzje yn Praag krige. Pas yn 2022 waard de kolleksje ferwurven troch de nasjonale biblioteek yn Wenen en beskikber steld foar ûndersyk.… Lês fierder

Teleks: Dam Jaarsma Keamer vanaf nu te zien in De Spitkeet

logo.ensafh

Met de opening van de Dam Jaarsma Keamer in Museum De Spitkeet, gaan Stichting Dam Jaarsma uit Eastermar en Museum De Spitkeet in Harkema een nauwe samenwerking aan. De Dam Jaarsma Keamer vervangt daarmee de Verhalenkamer in Eastermar, waar Stichting Dam Jaarsma in de jaren 2015 t/m 2023 succesvol vele gasten trakteerde op verhalen over en van Tytsjerksteradiels ereburger Dam Jaarsma.

Lês fierder by WâldnetLês fierder

Teleks: Yntroduksjeles Skriuwersfakskoalle op 11 septimber

logo.ensafh

Dyn literêre talint ûntwikkelje? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en de Schrijversvakschool. Op woansdei 25 septimber set it lesblok Skriuwtechniken A wer útein by Tresoar yn Ljouwert. Op woansdei 11 septimber is der in fergees tagonklike yntroduksjeles.

Sjoch foar mear ynformaasje by Ljouwert City of LiteratureLês fierder

Teleks: Hiel Fryslân lêst foar mei de Lês-mar-foar-wiken

logo.ensafh

Fan 9 o/m 27 septimber binne it wer de Lês-mar-foar-wiken. Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: op ’e berne-opfang, by gastâlden, op skoallen en fansels thús! Want foarlêzen is net allinne gesellich, mar ek hiel belangryk foar de taalûntwikkeling fan jonge bern, en al hielendal foar de ûntwikkeling fan in minderheidstaal lykas it Frysk. Alle pjutten yn Fryslân krije mei de Lês-mar- foar-wiken in prachtich nij Tomke-foarlêsboekje, en foar bern fan 4 o/m 8 jier is der in nij boekje fan Keimpe de Krokodil. Mar der is mear: de hiele moanne septimber kinst Fryske foarlêsboekjes sammelje by de Poiesz!… Lês fierder