Teleks: Sneeker Psalmen

logo.ensafh

Het Photoproject ‘Sneeker psalmen’ ontstond in een achterafzaaltje in het pand van het Leger des Heils dat gebruikt wordt als huiskamer. Een plek van niets zou je bijna zeggen, maar wat daar gebeurt doet leven. Daar ontmoeten mensen elkaar, mensen voor wie het leven ingewikkeld is, en zij schreven hun hoop en wanhoop, hun woede en verlangens uit in een lied, sommige een protestlied, sommige een gebed om een beter leven – zij schreven eigentijdse psalmen.

Ik hoorde daarvan en heb gevraagd of ik hen mocht fotograferen met hun tekst.

Zo is deze fotoserie ontstaan. Dankzij deze mensen die hun kwetsbaarheid durven tonen. … Lês fierder

Teleks: Teäterselskip rint subsydzje mis troch te folle wurden yn oanfraach: “Soer en stom”

logo.ensafh

It jonge Fryske teäterselskip Firma Draaijer&DeVries hat in flinke tebeksetter te ferwurkjen krigen. De finansiering foar de nije teäterfoarstelling wie hast rûn, mar se krije gjin subsydzje, omdat de oanfraach út te folle wurden bestiet.
Romke Gabe Draaijer en Eline de Vries stiene mei harren stik Morphosis op plak 1 fan de 26 subsydzje-oanfragen by de Provinsje Fryslân. Alle seinen liken op grien te stean, oant it berjocht kaam dat se 10 punten ôftrek krigen. Se wienen oer it tastiene oantal wurden fan de oanfraach hinne gien.
Se bedarren op plak 11 en dêrmei gie de doar ticht, der kaam gjin finansjele stipe fan de provinsje.… Lês fierder

Teleks: Het Ikje bestaat nu ook in het Fries

logo.ensafh

Het Ikje bestaat nu ook in het Fries – het ‘Stikje’ – ‘de mogelijkheid om te spelen met de Friese taal’

De Leeuwarder Courant heeft, net zoals Mediahuis-zusterkrant NRC, sinds vorige week een rubriek ‘Stikje’ – afgeleid van het ‘Ikje’ in NRC – waarin lezers korte beslommeringen met elkaar delen, maar wel in het Fries.

Melle Veltman (31) is één van de redacteuren die namens de krant verantwoordelijk is voor de rubriek. De rubriek kent meerdere ‘geestelijke vaders’ bij de Leeuwarder Courant, haast hij zich te zeggen. In het dagelijks leven is hij voor de krant veel bezig met de Friese taal – de taal die hij zelf als niet-Fries zelf ook moest leren.… Lês fierder

Teleks: Dichter Jan Dotinga ferstoarn

logo.ensafh

Op 6 augustus is dichter Jan Dotinga ferstoarn. Hy waard yn 1934 berne yn Britsum en groeide op yn it Stienzer Aldlân. As bern hie er al niget oan taal, it begûn mei foardrachten en opstel skriuwen.

Dotinga wurke syn hiele libben yn it ûnderwiis. Nei ferskate banen kaam er yn 1969 as haad oan de kristlike legere skoalle yn Droegeham te stean, dêr’t er oant syn pensjoen bleaun is.

Yn 1965 debutearre er mei de bondel Lytse Ivichheit. Dêr hie er as earste Fryske auteur in rykstalage foar krigen, bedoeld as stipe en oantrún foar jonge keunstners. De fersen binne in poëtysk ferslach fan syn jeugd yn it Stienzer Aldlân.… Lês fierder

Teleks: Skriuwer en dichter Willem Abma (82) ferstoarn

logo.ensafh

Skriuwer en dichter Willem Abma is op 23 july yn Ljouwert ferstoarn. Hy is 82 jier wurden.

Yn 1973 krige Abma de Gysbert Japicxpriis foar de trije dichtbondels De âlde en de leave hear as lead om âld izer, Op libben en dea en Mosken en Goaden, dy’t er ûnder it pseudonym Daniël Daen publisearre hie.
Gerben Willem Abma waard yn 1942 yn Folsgeare berne as jongste bern yn in grutte ortodokse boerehúshâlding. Hy studearre yn Utrecht rjochten, yn Grins teology en die yn 1974 syn doktoraal eksamen yn it lêstneamde fak.
Neidat er jierrenlang learaar wie yn Ljouwert, wurke er sûnt 1987 as psychoterapeut yn Drachten.… Lês fierder

Teleks: Oprop foar lêzingen ‘Taalkundedei 2024’ Fryske Akademy

logo.ensafh

De Fryske Akademy organisearret op freed 25 oktober de 13e Dei fan de Fryske taalkunde. De dei is ornearre foar elkenien dy’t direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk. Wa’t op dy dei in lêzing of presintaasje hâlde wol, kin dêrta in foarstel oan de organisaasje takomme litte.

Sjoch foar mear ynformaasje by de Fryske AkademyLês fierder

Teleks: Nij gedicht Dichter fan Fryslân Arjan Hut ‘Simmer offline’

logo.ensafh

‘Simmer offline’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Lês fierder by Dichter fan Fryslân

 

*

 

Simmer offline

en de wyn blaast in ûnbestimd liet
en de rein tikket in ferbean boek oer de dakken út

“God nimt foto’s”, sei mem as it wjerljochte

ik bin mar in ienfâldige Fries
net geskikt foar wurk op kantoar
ûnhandich mei de holle
en hannen

Lês fierder by Dichter fan FryslânLês fierder