Teleks: Nije ôfspraken foar fuortsterkjen Fryske taal en kultuer

logo.ensafh

De kommende fiif jaar ynvestearje it Ryk en de provinsje Fryslân folop yn de Fryske taal. De ôfspraken binne fêstlein yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) dy’t moandei 8 april ûndertekene is troch minister Hugo de Jonge fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en Kommissaris fan de Kening yn Fryslân Arno Brok. It Ryk stelt mei-inoar 18 miljoen euro beskikber om de ôfspraken út te fieren.

Yn dizze BFTK lizze Ryk en provinsje Fryslân fêst hoe’t sy yn de perioade 2024-2028 wurkje oan de beskerming en befoardering fan de Fryske taal en kultuer. Dêrby krijt ûnder oare it Fryske ûnderwiis in ympuls.… Lês fierder

Teleks: Earste Sutelaksje fan 2024 fan start!

logo.ensafh

Ofrûne freed 5 april gie de earste Sutelaksje fan dit jier fan start yn Itens, Rien, Lytsewierrum en Hinaard. Doarpskrante ‘Diggelfjoer’ organisearre tegearre mei Boeken fan Fryslân in Sutelaksje yn de fjouwer doarpen. En net sûnder sukses!

Elisabeth Abels–Gorter, út namme fan de redaksje fan doarpskrante ‘Diggelfjoer’: “Wy hawwe ús poerbêst fermakke en in protte moaie reaksjes krigen. Der wienen in soad minsken ferrast mei it oanbod Fryske boeken. Wy hawwe yn in ien jûn hiel wat Fryske boeken ferkocht en dêrmei in moaie ynstruier foar ús doarpskrante ophelle!”

Lês fierder by Boeken fan FryslânLês fierder

Teleks: Smellingerlân siket gemeentedichter

logo.ensafh

Gemeentedichter gezocht!

Bent u creatief en houdt u van dichten? Lees dan even verder. We zoeken een nieuwe gemeentedichter.

Frisse blik op Smallingerland
Katherine van der Velde, onze huidige gemeentedichter, neemt deze zomer afscheid. We zoeken een opvolger die met zijn of haar gedichten de inwoners van Smallingerland met een andere, frisse blik laat kijken naar het dagelijks leven in de gemeente. Deze man of vrouw hoeft geen professioneel dichter te zijn. Wel is het nodig dat de nieuwe dichter in Smallingerland woont of werkt en minimaal 18 jaar oud is. Onze opdracht voor de gemeentedichter is het schrijven van minimaal vijf gedichten per jaar en deze eventueel voor te dragen.… Lês fierder

Teleks: 2,5 miljoen euro ekstra frijmakke foar nij Bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer

logo.ensafh

Minister Hugo de Jonge fan Ynlânske Saken lûkt 2,5 miljoen euro ekstra út foar de nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK). De minister die dizze tasizzing woansdei ûnder it twaminutedebat oer de BFTK yn de Twadde Keamer.
Foar de AFUK is de kommende fiif jier oardel miljoen ekstra beskikber en foar it oanstellen fan koördinatoaren meartaligens by de Fryske gemeenten lûkt it Ryk 1 miljoen euro út. No’t dit regele is, kin dy nije bestjoersôfspraak neffens minister De Jonge wol gau tekene wurde.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Podia moeten een veilige plek zijn voor iedereen

logo.ensafh

Met zorg zien we dat er in onze huizen en op onze podia in toenemende mate sprake is van incidenten die door polarisatie zijn ingegeven.

Iedereen, van makers tot medewerkers en publiek, moet veilig zijn binnen onze huizen en op onze podia. Er is daarbij ook in deze door tegenstellingen gekenmerkte tijd geen plek voor acties of intimidaties ingegeven door antisemitisme, xenofobie, genderdiscriminatie of iedere andere uiting die strijdig is met onze grondwet.

Lês fierder by CultureelpersbureauLês fierder

Teleks: Meslânzer Woardeboek presintearre

logo.ensafh

Neidat der jierren oan wurke is, koe einlings in wurdboek fan it dialekt fan Midslân op Skylge presintearre wurde. Dat wie op tongersdei 14 maart yn Het Wapen van Terschelling yn Meslâns, sa’t Midslân lokaal neamd wurdt.

Skylge is dialektologysk in apart gefal. West-Skylge en de eastlike doarpen binne fanâlds Frysktalich, al is dat dan ek in Frysk dat slim fan dat op ‘e fêste wâl ôfwykt. Boppedat ferskille it Westers en it Aasters ek noch wer faninoar. Dêrtuskenyn wurdt der yn Midslân en byhearrende doarpen en buorskippen in taal praat dy’t heart by de Nederlânsk-Fryske mingdialekten lykas it Stedsfrysk, it Biltsk en it Amelânsk.… Lês fierder