Teleks: Skriuwster Tomke-ferhaaltsjes Riemkje Pitstra 80 jier

logo.ensafh

It wie juster in feestlike dei foar Riemkje Pitstra, skriuwster fan de Tomke-ferhaaltsjes. Hja fierde har 80e jierdei. Riemkje waard ferrast troch in prachtich berne-oargel mei echt bewegende poppen, dat spesjaal foar it Tomke-projekt makke is troch Tomke-tekener Luuk Klazenga en syn broer. Klazenga hie spesjaal foar Riemkje ek in prachtige poster yllustrearre, mei de jubilaris yn it middelpunt.

Lês en sjoch fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Gerard de Jong wint Rink van der Veldepriis

logo.ensafh

Gerard de Jong is dit jier de winner fan de Rink van der Veldepriis. Hy krijt de twajierlikse priis foar syn boek ‘Blau fan dagen, griis fan ônrust’. It boek is in romandebút, en tagelyk de earste roman yn de Biltske streektaal.
Yn in earste reaksje seit De Jong út de skroeven te wêzen. “Ik bin der hiel wiis mei, it is in hiele eare.”
It boek giet oer skilder Sierd, dy’t wrakselet mei fan alles: mei syn keunst, mei It Bilt, mei in trauma en mei de leafde. Hieltyd wer moat er kieze: gean ik links of gean ik rjochts.… Lês fierder

Teleks: Pilotgearkomste kursus Gaasterlânsk

logo.ensafh

Takom tongersdei 2 maaie meie we los mei it Gaasterlânsk! Altyd al wat mear witte wollen fan dy bysûndere fariant fan it Frysk? Kom dan tongersdei nei de biblioteek yn Balk.

Yn in pilotgearkomste geane wy nei wat startposysje is fan ’e minsken mei ynteresse en wat se wolle. Kenne jo al Frysk? Wolle jo Gaasterlânsk leare te praten of skriuwen? Nei in pear wiken begjint de kursus. Taspitst op ’e winsken fan ’e kursisten. Der komt in boekje mei lesmateriaal, der is sels húswurk! Mar ast meidochst, joust sels rjochting oan ’e kursus. Yn petear yn it Gaasterlânsk om te oefenjen.… Lês fierder

Teleks: Doch mei oan de masterclasses Foardragen foar skriuwers

logo.ensafh

Explore the North, Tryater en Ljouwert UNESCO City of Literature organisearje op ‘e nij in rige masterclasses Foardragen, foar skriuwers dy’t wurkje wolle oan it presintearjen fan harren teksten. De masterclasses wurde jûn troch Zen Roorda, Nyk de Vries, Marrit Jellema en Janneke Brakels. Meidwaan is fergees.

Lês fierder by leeuwardencityofliteratureLês fierder

Teleks: Oprop advyskommisjelid Gysbert Japicxpriis 2025

logo.ensafh

Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân siket in ûnôfhinklik lid út it literêre fjild foar de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2025. Jo kinne jo belangstelling dêroer oanjaan.

Deputearre Steaten rikt twajierliks de Gysbert Japicxpriis út. Dat sil wer barre yn de hjerst fan 2025. Yn 2025 wurdt de priis útrikt foar poëzij. De advyskommisje bestiet út trije leden, gearstald út in foardracht troch Tresoar, de Fryske Akademy en ien lid út it literêre fjild. De taak fan de advyskommisje is it beoardieljen fan de literêre wurken en Deputearre Steaten te advisearjen oer it takennen fan de priis. De advyskommisje sil foar de simmerfakânsje fan 2024 beneamd wurde troch Deputearre Steaten.… Lês fierder