Teleks: Advysbrief DINGtiid ‘Set yn op in breed tagonklike minor Frysktalige sjoernalistyk’

logo.ensafh

Wat is der nedich om de kwaliteit fan de Frysktalige sjoernalistyk te ferbetterjen no’t nije generaasjes sjoernalisten de Fryske taal minder goed yn de macht hawwe? Dy advysfraach krige DINGtiid yn april 2023 fan de ministearjes fan BZK en OCW, as gefolch fan in troch de Twadde Keamer oannommen moasje út desimber 2022.

Yn ús advysbrief oan BZK en OCW skriuwe wy dat it ferlet fan it ferstevigjen fan de Frysktalige sjoernalistyk út ferskate hoeken wei komt. Media, Provinsje Fryslân, ûnderwiis- en taalynstellingen binne al yn petear om yn dat ferlet te foarsjen en sette yn op in minor Frysktalige sjoernalistyk.… Lês fierder

Teleks: RUG hâldt op mei meartaligensoplieding en siket oar plak foar stúdzje Frysk

logo.ensafh

It bestjoer fan de letterefakulteit fan de Ryksuniversiteit Grins hat besletten om mei yngong fan 2025 op te hâlden mei de bachelorstúdzje ‘Minorities & Multilingualism’ (minderheden en meartalichheid). It Frysk wie dêr sûnt 2012 in ûnderdiel fan as ‘Frisian track’.
Dochs is it net de bedoeling dat it Frysk ferdwynt op universitêr nivo. Koartlyn sei minister Robbert Dijkgraaf fan Underwiis 340.000 euro ta foar in stúdzje Frysk. Hy en de Twadde Keamer fine dat in stúdzje beskikber bliuwe moat en sichtberder wêze moat.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Marrit Jellema nije Stedsdichter fan Ljouwert

logo.ensafh

Marrit Jellema is de nije Stedsdichter fan Ljouwert. Oant jannewaris 2026 skriuwt se oer Ljouwert en reflektearret se op wat der libbet. Hja jout wurden oan wichtige barrens yn ’e gemeente Ljouwert en oan it gefoel dêroer.

Kultuerwethâlder Hein Kuiken makke tiidsdeitejûn yn ’e Westertsjerke de namme fan de nije Stedsdichter buorkundich. Hja waard troch in fiifkoppige sjuery keazen. De sjuery wie it by einbeslút iens oer de kar, stiet yn it sjueryrapport: ‘Marrit joech in útfiering by de sollisitaasje dy’t in protte yndruk makke. Lykas in sjuerylid sei: “Hja azemet poëzy.”’ Dêrneist presintearre se in wiidweidich plan om wurdkeunst/poëzy tichter by ferskate doelgroepen yn ’e gemeente Ljouwert te bringen.… Lês fierder

Teleks: Dichter en Gysbert-winner Jacobus Q. Smink (69) ferstoarn

logo.ensafh

Dichter Jacobus Quiryn Smink is ferstoarn. Yn 2013 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn bondel Sondelfal. Smink is 69 jier wurden.
Smink waard berne yn 1954 yn Sondel. Hy wie boeresoan en kaam út in húshâlding fan njoggen. Hy folge de stúdzje Nederlânsk oan de learare-oplieding yn Grins. Nei syn ôfstudearjen ferhuze er yn 1980 nei Brabân.
Sûnt 1983 wenne er yn Eindhoven dêr’t er wurke as dosint Nederlânsk.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Alde Fryske kroniken foar in part mei AI-technyk trochsykber makke

logo.ensafh

Tresoar hat tweintich âlde, Fryske kroniken online trochsykber meitsje litten. Dat is dien binnen it lanlike projekt ‘Chronicling Novelty’. Foar in part is dit automatysk dien mei AI-techniken.
In kronyk is in gronologysk ferhaal of in samling notysjes mei histoaryske feiten. In soarte deiboek dus, dêr’t de auteur yn opskreaun hat wat er wichtich fûn.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Advys Raad voor Cultuur: mear subsydzje nei kultuer yn de regio’s

logo.ensafh

Subsydzjes foar kultuer moatte better ferdield wurde oer it lân. Dat fynt de Raad voor Cultuur.
Op dit stuit krijt it westen de measte stipe en wurdt de rest fan it lân achtersteld, sa konstatearret de ried. Der moat ek ekstra jild nei kultuer: 200 miljoen euro.
“De cultureel sterke regio’s worden steeds sterker, terwijl in andere regio’s de kansen en voorzieningen juist afnemen”, skriuwt de ried yn in advys foar in nij subsydzjestelsel. Dat advys is makke op fersyk fan de ferantwurdlik steatssekretaris.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder