Teleks: RUG tinkt nei oer stúdzje Frysk op Campus Fryslân yn Ljouwert

logo.ensafh

Dekaan Thony Visser fan de Ryksuniversiteit Grins is wiis is mei it KNAW-rapport ‘De toekomst van de frisistiek’. Visser wol ûndersykje oft de stúdzje Frysk ek in plak krije kin op Campus Fryslan fan de RUG yn Ljouwert.
Se is hjiroer yn petear mei it ministearje fan Underwiis en de Fryske Akademy. “Mei de nedige finansiering en ekspertize is in soad mooglik en wurd ik ek entûsjast foar de frisistyk, want it is in moai fak. Net eltsenien leaut it, mar de universiteit fan it Noarden hat in waarm hert foar it Frysk.”

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Kursus berneproaza foar trochsetters

logo.ensafh

Hast in begjinkursus Proazaskriuwen foar bern folge? Lit it skriuwen fan in moai ferhaal of miskien in boek dy net los? Dan is de kursus Berneproaza foar trochsetters grif wat foar dy! De kursus wurdt jûn troch Hanneke de Jong.

Want skriuwen is trochsetten, om dat watst yn ‘e holle hast yn goede wurden en sinnen op it papier te setten. It helpt om dat earst mei oaren te dwaan en der begelieding by te hawwen.

Hoe sjocht dy kursus der dan út?
De seis lessen wurde yn twa stikken ferdield. Yn it earste oere geane wy mei-inoar oan ‘e slach en wurkje oan swierrichheden dy’t de kursisten opstjoerden yn harren wurk.… Lês fierder

Teleks: NRC ferrast lêzer mei kommentaar yn it Frysk: “Het is een statement”

logo.ensafh

In opfallend kommentaar yn de NRC freed. Net de toan of it ûnderwerp lûkt de oandacht, mar de taal dêr’t it yn skreaun is. It stiet der nammentlik yn it Frysk.
“We waren het er snel over eens: we moesten dit doen”, seit Titia Ketelaar, coördinator fan de NRC-kommentatoaren.
In soad NRC-lêzers sille harren fan ‘e moarn efkes yn ‘e eagen wreaun hawwe. ‘Kommentaar’ pronket der boppe it stik op side 18. En nee, in staveringsflater is it net. De tekst dy’t derûnder folget stiet nammentlik folslein yn it Frysk. “Het is een statement”, seit Titia Ketelaar.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Terugkeer bachelor Fries met fulltime hoogleraar aan RUG lijkt gegarandeerd in Den Haag

logo.ensafh

Naast een meerderheid in de Tweede Kamer lijkt ook demissionair minister Dijkgraaf van Onderwijs te porren voor een bachelor Fries bij de Rijksuniversiteit Groningen, met daarbij een terugkeer van een fulltime hoogleraar.

Tijdens het begrotingsdebat van donderdag liet Dijkgraaf weten in gesprek te gaan met onder meer de RUG en de Provincie Fryslân over hoe de bachelor kan terugkeren aan de universiteit, met de daarvoor benodigde staf en een fulltime hoogleraar Fries. “Ik heb alle aanleiding om te veronderstellen dat dit positief ontvangen zal worden en dat er mooie plannen over gemaakt kunnen worden”, aldus Dijkgraaf

Lês fierder by OogtvLês fierder

Teleks: Digitaal bestand Vlaskamp niet welkom bij Tresoar

logo.ensafh

Sneu. Hadden we al eerder te maken met discriminatie wegens leeftijd van kok/receptenschrijver Klaas Kasma die de deur uitgebonjourd werd bij de Leeuwarder Courant, nu overkwam het schrijver Aly van der Mark. Niet welkom wegens ouderdom bij Tresoar. Kok en schrijver ontmoetten elkaar zaterdag in de boekenpassage in de Sint Jacobsstraat. Van der Mark beklaagde zich over haar behandeling toen ze informeerde of haar zorgvuldig opgebouwde digitale bestand van de tuinontwerper Gerrit Vlaskamp ook een plekje zou kunnen krijgen bij de Friese schatkamer aan voet van de Oldehove. Ze had graag even met directeur Dijkstra willen spreken, maar die hield de deur potdicht.… Lês fierder

Teleks: Takomst stúdzje Frysk soarchlik: ‘Sa gau as mooglik fulltime professor nedich’

logo.ensafh

Der moat sa gau as mooglik wer in selsstannige universitêre stúdzje Frysk komme, mei in fulltime heechlearaar. Dat advys jout de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen (KNAW).
Yn it rapport ‘De toekomst van de Frisistiek’ neamt de KNAW it plak fan it Frysk oan de Nederlânske universiteiten ‘zorgelijk’.
Yn de jierren 70 koe noch oan fiif universiteiten Frysk studearre wurde. Mar sûnt 2013 wurdt it Frysk allinnich noch mar oanbean as ûnderdiel fan de stúdzje ‘Minorities & Multilingualism’ fan Rijksuniversiteit Groningen (RUG).

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder