Taalkundigen fan oer de hiele wrâld kinne no opsykje hoe’t Sealterfryske wurden en sinnen yninoar sitte. Op de grammatikawebside taalportaal.org is sûnt woansdei 13 desimber nammentlik in Ingelsktalige grammatika fan it Sealterfrysk beskikber. Dat is in foarm fan it Frysk dy’t praat wurdt yn de Dútske gemeente Sealterlân. Der binne krapoan twatûzen sprekkers.
Lês fierder by It Nijs… Lês fierder