Teleks: Wurk Anne Feddema en Marrit Jellema by jierfergadering UNESCO Cities of Literature

logo.ensafh

City of Literature Québec (Kanada) wie yn oktober gaststêd foar de jierlikse fergadering fan UNESCO Cities of Literature. De stêd frege har kollega-Cities of Literature wurk mei te nimmen foar twa projekten: Toponymie en Multivox.

Yn it projekt Toponymie lizze de Cities of Literature harren woartels bleat yn wurd en byld, en fertelle wêr’t harren namme weikomt: toponymen út it ferline, hjoed yn byld brocht. De wurken út de ferskate stêden wienen yn de wike fan de gearkomste te sjen op panelen yn de stêd en bliuwe online te sjen. Wy fregen Anne Feddema nij wurk te meitsjen foar dit projekt.… Lês fierder

Teleks: Kulturele organisaasjes sykje oare jildboarnen no’t provinsje besuniget

logo.ensafh

Kulturele organisaasjes yn Fryslân sjogge hieltyd mear nei alternative jildstreamen no’t it kultuerbudzjet fan de provinsje lytser wurdt. Mar ynsidinteel jild út oare potten kin de kultuersubsydzje fan de provinsje noait ferfange.

Dat boadskip krigen Provinsjale Steaten hjoed fan sa’n tolve grutte én lytsere kulturele organisaasjes. Sy wrakselje allegearre mei de gefolgen fan de troch de provinsje oankundige besunigings fan 1,6 miljoen euro.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Frysk Boekefeest, ôftraap Fryske Boekewike 2023

logo.ensafh

No freed 3 novimber wurdt mei it Frysk Boekefeest yn dûnsskoalle Saco Velt yn Ljouwert it startsein jûn foar de Fryske Boekewike 2023. Op dy feestlike jûn sil ek it Kadoboek ‘Hiltje yn Pella’ fan Anita Terpstra presintearre wurde. De Fryske Boekewike wurdt holden fan 4 o/m 12 novimber. It Kadoboek is yn de Fryske Boekewike fergees te krijen by oanskaf fan op syn minst € 15,- oan Fryske boeken by jo boekhannel. Op snein 12 novimber kinne jo mei it Kadoboek fergees reizgje yn de bussen en treinen fan Arriva yn Fryslân.

Anita Terpstra (Hallum, 1974) skreau dit jier it Kadoboek foar de Fryske Boekewike.… Lês fierder

Teleks: Fertel dyn ferhaal

logo.ensafh

Fertel dyn ferhaal

Op 17 novimber om 19:00 oere docht Fryslân de doarren iepen en wurde der ferhalen ferteld. By minsken thús, yn kafees, by musea, yn fersoargingshuzen, yn biblioteken en … by dy! Ek do hast in ferhaal! Meld dy foar 10 novimber oan, mar wat earder wat better! Want dan komt dyn ferhaal nammentlik al op de webside te stean en hast genôch tiid om publyk te winnen, dyn ferhaal ta te rieden en om de praktyske tsjeklist bydel.

Sjoch foar mear ynformaasje by verhalenavondLês fierder

Teleks: Lêste gedicht Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

‘Fannijs’ is it lêste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân.

Sigrid Kingma: ‘Foar it lêste gedicht as Dichter fan Fryslân haw ik de besikers fan myn blog frege wêr’t it oer gean moast. It resint oplôge konflikt tusken Israël en Palestina wie fansels ûnûntkomber en oerskadet al it oare nijs. It makket ûnmachtich. It is faaks better om ris in skoft gjin nijs mear te lêzen, mar in goed boek te lêzen of sels wat moais te skriuwen.’

Lês fierder by Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: Bundelen van van Nederlandse bedrijfstakken Mediahuis zorgt voor ‘onrust’ op redacties

logo.ensafh

Werknemers van de verschillende Nederlandse bedrijfstakken van Mediahuis zijn ‘ongerust’ over het voornemen van de uitgever om die verschillende takken te bundelen tot één bedrijf, blijkt uit een brandbrief die namens verschillende vakbonden verstuurd is aan de CEO van Mediahuis, Gert Ysebaert.

Lês fierder by VillamediaLês fierder