Teleks: Krystadvertinsje FNP wegere fanwege Fryske tekst

logo.ensafh

De tradysjonele Krystadvertinsje fan de FNP ferskynt dit jier net yn de Fryske deiblêden. Utjouwer Mediahuis fan ‘Leeuwarder Courant’ en ‘Friesch Dagblad’ wegert de advertinsje te pleatsen fanwege in tekst yn it Frysk.

Sûnt 10 oktober moatte politike partijen fanwege Europeeske regels by advertinsjes in saneamde disclaimer pleatse. Dêryn stiet dat it om in polityk boadskip giet. De FNP is ree om dy tekst ûnderoan de advertinsje te pleatsen, mar dan wol gewoan yn it Frysk.

Utjouwer Mediahuis fynt dat dy tekst perfoast yn it Nederlânsk wêze moat, omdat de mediabedriuwen lanlik ôfsprutsen ha allegear de selde teksten te brûken.

Boarne: FNPLês fierder

Teleks: Winners Tony Feitsmapriis 2025 bekend

logo.ensafh

De winners fan de Tony Feitsmapriis 2025, in nije literêre priis foar jongerein en jongfolwoeksenen oant en mei 29 jier, binne Hielke van Duuren, Eelke Veltman en Pieter Zijlstra. Dêrnjonken binne ek trije debutanteprizen takend foar dielnimmers dy’t noch nea wat publisearre hawwe, oan Renske de Boer, Marije van der Eems en Tiemen de Boer.

De Tony Feitsmapriis is in mienskiplik inisjatyf fan it Feitsma Fûns, de Federaasje fan Fryske Studinteferienings en literêr tiidskrift Ensafh. Der wiene 37 ynstjoeringen. De debutanteprizen binne yn it libben roppen omdat it de bedoeling fan de priis is it kreatyf skriuwen yn it Frysk te befoarderjen.Lês fierder

Teleks: Mercator beleanne mei Italiaanske ALTRE EUROPE Award!

logo.ensafh

Mercator beleanne mei Italiaanske ALTRE EUROPE Award!

Foar hast 40 jier oan ûndersyksaktiviteiten op it mêd fan minderheidstalen yn Europa mocht it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderdiel fan de Fryske Akademy, yn Italië de ALTRE EUROPE priis yn ûntfangst nimme.

De ferrassing wie grut, doe’t der in pear wiken lyn in telefoantsje kaam fan de Nederlânske ambassade yn Italië. Jelske Dijkstra, de hjoeddeistige projektmanager fan Mercator, en Cor van der Meer, dy’t rom 20 jier projektmanager west hat en koartlyn pensjonearre is, waarden útnûge om ôf te reizgjen nei de Noard-Italiaanske stêd Udine om de ALTRE EUROPE Award yn ûntfangst te nimmen.… Lês fierder

Teleks: Meld dy oan foar de firtuele literêre útwikseling mei Melbourne

logo.ensafh

In kloft reade skriezen begjint yn Australië mei har trek nei it Noarden en we nûgje dichters út Ljouwert/Fryslân en Melbourne/Victoria út om harren reis te dokumintearjen.

De Reade Skries of Heawylp stiet bekend as in maraton-trekfûgel. Mei briedplakken ferspraat oer it hiele noardpoalgebiet makket de fûgel syn jierlykse trek troch Azië, Europa en Afrika. Hy is sjoen yn mear as 150 lannen. Ien fan syn ûndersoarten waard ferneamd doe’t in jonge fûgel fan noch mar fjouwer moanne âld, folge waard by in epyske reis fan Alaska nei Tasmanië. It jong lei dêrby 13.435 kilometer ôf yn in non-stop flecht fan alve dagen.Lês fierder

Teleks: Doch mei oan de wedstriid Essay Skriuwe

logo.ensafh

Essay skriuwe dreech? Nee, just net! In essay is in moaie foarm om dyn eigen kijk te jaan op in ûnderwerp – en dat mei op in manier dy’t dy goed leit. It mei boartlik, it mei earnstich, it mei fernimstich en it mei literêr.

In essay is net it ferslach fan in ûndersyk, mar it is it ûndersyk sels. It is in aktiviteit dy’t net allinnich goed is foar dyn eigen ûntjouwing – learst neitinken oer argumintaasje, opbou fan in tekst en noch safolle mear – it is ek in prachtige foarm om dyn miening te dielen mei oaren. Meist by it essay oer de grinzen fan keunsten en wittenskippen gean.… Lês fierder