No moandei 27 maart wurdt de earste Sutelaksje fan 2023 ôftrape yn Minnertsgea! Om 17:30 oere komme de sutelders by jo del mei kroaden fol Fryske boeken. En dêr bliuwt it net by, want op 5 april wurdt der sutele yn Easterwierrum, 21 april yn De Rottefalle, op 2 maaie yn Alde- en Nijehoarne, 13 maaie yn Molkwar, 8 septimber yn Kimswert, 18 septimber yn Balk, 7 oktober yn Wergea en 12 oktober yn Jorwert. En der komme noch in heel soad nije data en plakken by! Sjoch foar aktuele data, tiden en updates op www.sutelaksje.nll.
Lês fierder by Boeken fan Fryslân… Lês fierder