It is gjin goeie saak as de provinsje Fryslân wittenskiplik ûndersyk troch eigen amtners útfiere lit. Taalsosjolygysk ûndersyk nei bygelyks de situaasje fan de Fryske taal kin folle better dien wurde troch in wittenskiplik ynstitút as de Fryske Akademy. Dat stiet yn it advys fan it Gearwurkingstrajekt Fryske Taal en Kultuer (GFTK) oan de provinsje.
Under lieding fan emeritus-heechlearaar Folkert Kuiken hawwe fjirtin Fryske organisaasjes de ôfrûne twa jier wurke oan de opset fan in mienskiplike kennisaginda. Kuiken tinkt op basis fan de petearen dat organisaasjes dy’t har dwaande hâlde mei de Fryske taal en kultuer, lykas AFUK, Fryske Akademy, it Frysk Sociaal Planbureau, Tresoar en de Campus Fryslân fan de RUG mear gearwurkje kinne.… Lês fierder