Teleks: Mercator beleanne mei Italiaanske ALTRE EUROPE Award!

logo.ensafh

Mercator beleanne mei Italiaanske ALTRE EUROPE Award!

Foar hast 40 jier oan ûndersyksaktiviteiten op it mêd fan minderheidstalen yn Europa mocht it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, ûnderdiel fan de Fryske Akademy, yn Italië de ALTRE EUROPE priis yn ûntfangst nimme.

De ferrassing wie grut, doe’t der in pear wiken lyn in telefoantsje kaam fan de Nederlânske ambassade yn Italië. Jelske Dijkstra, de hjoeddeistige projektmanager fan Mercator, en Cor van der Meer, dy’t rom 20 jier projektmanager west hat en koartlyn pensjonearre is, waarden útnûge om ôf te reizgjen nei de Noard-Italiaanske stêd Udine om de ALTRE EUROPE Award yn ûntfangst te nimmen.… Lês fierder

Teleks: Meld dy oan foar de firtuele literêre útwikseling mei Melbourne

logo.ensafh

In kloft reade skriezen begjint yn Australië mei har trek nei it Noarden en we nûgje dichters út Ljouwert/Fryslân en Melbourne/Victoria út om harren reis te dokumintearjen.

De Reade Skries of Heawylp stiet bekend as in maraton-trekfûgel. Mei briedplakken ferspraat oer it hiele noardpoalgebiet makket de fûgel syn jierlykse trek troch Azië, Europa en Afrika. Hy is sjoen yn mear as 150 lannen. Ien fan syn ûndersoarten waard ferneamd doe’t in jonge fûgel fan noch mar fjouwer moanne âld, folge waard by in epyske reis fan Alaska nei Tasmanië. It jong lei dêrby 13.435 kilometer ôf yn in non-stop flecht fan alve dagen.Lês fierder

Teleks: Doch mei oan de wedstriid Essay Skriuwe

logo.ensafh

Essay skriuwe dreech? Nee, just net! In essay is in moaie foarm om dyn eigen kijk te jaan op in ûnderwerp – en dat mei op in manier dy’t dy goed leit. It mei boartlik, it mei earnstich, it mei fernimstich en it mei literêr.

In essay is net it ferslach fan in ûndersyk, mar it is it ûndersyk sels. It is in aktiviteit dy’t net allinnich goed is foar dyn eigen ûntjouwing – learst neitinken oer argumintaasje, opbou fan in tekst en noch safolle mear – it is ek in prachtige foarm om dyn miening te dielen mei oaren. Meist by it essay oer de grinzen fan keunsten en wittenskippen gean.… Lês fierder

Teleks: Ald-direkteur Roel Oostra (104) fan De Lawei yn Drachten ferstoarn

logo.ensafh

Ald-direkteur Roel Oostra (1921-2025) fan skouboarch De Lawei yn Drachten is tiisdei ferstoarn. Hy waard 104 jier.

“It hat sa wêze moatten. Ik bin oeral yn rûgele. Yn it amateurtoaniel, yn de amateurkabaretwrâld, yn de banketbakkerij en letter ek yn it fak as teäterdirekteur. En ik haw it altyd nei ’t sin hân.”

Dat sei Roel Oostra doe’t er yn 2023 foar it radioprogramma Buro de Vries weromseach op syn libben. Oostra wie entûsjasmearjend en in man mei in sterk gestel.
Oant nei syn 100e jier wenne er noch selsstannich. Wol mei de help fan syn dochters.
Syn frou Corry (98) ferstoar yn 2021.… Lês fierder

Teleks: Suksesfolste Fryske Boekewike oait!

logo.ensafh

Suksesfolste Fryske Boekewike oait!

De Fryske Boekewike hat dit jier in rekôr brutsen: it kadoboek Oan ’e ein fan De Oere fan Anne-Goaitske Breteler is folslein útferkocht. Noch nea earder wie der sa’n grutte fraach nei it spesjaal útjûne Kadoboek.

It Kadoboek ferskynde yn in oplage fan 1.500 eksimplaren. Ida Heddema fan Boeken fan Fryslân: “It kadoboek wie healwei de Boekewike al hast útferkocht, en doe moast Anne-Goaitske noch trije lêzingen jaan. Boekhannels dy’t te min eksimplaren ynkocht hienen, moasten wy spitigernôch teloarstelle, want wy koenen net mear leverje.”

Ek Anita Schaaf fan Boekhannel Van der Velde yn Dokkum ûnderstreket it sukses: “Wy hawwe noch noait sa’n soad Fryske boeken ferkocht.Lês fierder