Teleks: Nomineer deuze week nag foor de Bildtse-Kultuurpriis

logo.ensafh

Blikstynders, mînsen, wat is dut nou? Nou is d’r tweekeer gyn Bildtse-Kultuurpriis útraikt deur jim-wete-wel, en nou kin deuze priis weer útraikt worre, maar krije wij ant nou toe nauliks nominasys fan jim. Dat is dochs al wat núvver…

Maar meskien is’t jim even deurgaan om’t jim ’t even drok hadden. Gelukkig kinne jim nag nominere ant 17 oktober e.k. Dus deuze week nag! Wij sille in elk gefal wakker wiis weze met jim nominasys.

Hieronder nag even ’t persbericht:

Sjoch foar mear ynformaasje op Stichting Bildts AigeneLês fierder

Teleks: Biografy Trinus Riemersma mei in fernijde Reade Boarre

logo.ensafh

‘De Reade Bwarre’ troch Trinus Riemersma waard by ferskining troch guon sjoen as in hichtepunt yn de Fryske literatuer. Mar in soad minsken koene it boek net lêze fanwege de ôfwikende stavering. No komt der in ferzje út yn it Standertfrysk, plus in biografy fan de skriuwer.
Doeke Sijens hat de biografy fan Trinus Riemersma skreaun en skriuwster Jetske Bilker hat de omstaving ta ‘De Reade Boarre’ foar har rekken naam. Beide boeken steane sintraal op in spesjale Trinus Riemersmadei op 22 oktober yn Frjentsjer, organisearre troch de Akademy fan Frjentsjer.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Petear mei Goffe Jensma

logo.ensafh

Heechlearaar Goffe Jensma mei pensjoen, mar net gerêst op takomst stúdzje Frysk

Goffe Jensma, heechlearaar Frysk, makket him soargen oer de takomst fan de stúdzje Frysk yn Grins. Jensma giet sels mei pensjoen. Mei mingde gefoelens, want in opfolger is noch net beneamd.
Jensma hat syn keamer by Rijksuniversiteit Groningen dizze wike ûntromme fanwege it emeritaat. “Ik die de doar ticht en de keamer wie leech. Dan binne je sels ek in bytsje leech. It wie perfoarst gjin noflik gefoel.”
Hy hat ek gjin noflik gefoel oer de takomst fan de stúdzje Frysk. “Ik bin der net gerêst op dat it nei myn fuortgean goed komt.”… Lês fierder

Teleks: Kursus berneproaza

logo.ensafh

Woest altyd al ris in berneferhaal skriuwe? Of miskien in berneboek?
Liket it dy moai om dyn fantasije oan it wurk te setten?
Mar hoe dochst dat? Hoe fier rikt dyn ferbylding?
Hoe witst oft it geskikt is foar bern?
Hoe skriuwst spannend of grappich of libbensecht?
Wat wurket foar dy en wat perfoarst net?

Sit hjir in fraach (of mear) fan dy by? Dan fersoarget berneboekeskriuwster Hanneke de Jong (webside: www.hannekedejong.frl) in geskikte basiskursus foar dy.

In leechdrompelige kursus fan fjouwer jûnen om te ûntdekken wêr’tst goed yn bist, wat better kin en wat dyn mooglikheden binne. In kursus dêr’t wy skriuwe, mei pinne en papier!,… Lês fierder

Teleks: Actiegroep Sis Tsiis wil een ruimere plek voor Friese kinderboeken

logo.ensafh

Actiegroep Sis Tsiis gaat tijdens de Kinderboekenweek van 5 tot 16 oktober protesteren bij boekhandel Van der Velde in Dokkum. Volgens de actiegroep krijgen Nederlandstalige kinderboeken veel meer ruimte en een betere plek in de winkel dan de Friestalige.

De actievoerders hebben in het verleden bij zowel de bedrijfsleider van het filiaal in Dokkum als bij Van der Velde in Leeuwarden gevraagd om een betere oplossing.

Lês fierder by it Friesch DagbladLês fierder