Teleks: ‘De waanzinnige boomhut’ no ek yn it Frysk!

logo.ensafh

Dit jier ferskynt yn de nasjonale Berneboekewike foar it earst ek in Fryske oersetting fan it Kinderboekenweekgeschenk. Yn opdracht fan Boeken fan Fryslân is in Fryske oersettingmakke fan it Kinderboekenweekgeschenk 2022 ûnder de titel: ‘Healwize beamhutferhalen, oer doe’t it Stoel-Yn-Dyn-Noasdei wie en oare healwize saken’. De oersetting is makke troch Martsje de Jong.

It Kinderboekenweekgeschenk is dit jier skreaun troch Andy Griffiths, tegearre mei yllustratorTerry Denton bekend fan de populêre ‘De waanzinnige boomhut’-rige. Yn de
Berneboekewike fan 5 o/m 16 oktober is de Fryske oersetting fergees te krijen by oankeapfan op syn minst €12,50 oan Fryske boeken.

De Fryske oersetting fan it Kinderboekenweekgeschenk is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân.… Lês fierder

Teleks: Biltsk wurdboek tenei online te rieplachtsjen

logo.ensafh

It Biltske wurdboek is no ek online te rieplachtsjen. Yn 2013 ferskynde it Woordeboek fan ’t Bildts yn in ferbettere en oanfolle edysje fan it wurdboek fan 1996.
De útjouwer Bildtse Boekerij wurket yn dit projekt gear mei BildtTaal en skriuwer Sytse Buwalda.
“Wij leven in ‘e tiid fan internet en soa hope wij dat ’t jongereand faker wat opsoekt. Dat sille se online eerder doen as fysyk ’n woordeboek krije”, seit Sytse Buwalda. Hy hopet sa ek wat bydrage te kinnen oan it behâld fan de taal. Der komt ek noch in sykfunksje op.

Lês en harkje fierder by Omrop Fryslân

It wurdboek is hjir te finen… Lês fierder

Teleks: Dichter Tsead Bruinja stalt ynklusive blomlêzing gear mei ek Frysk wurk

logo.ensafh

Dichter Tsead Bruinja hat in ynklusive blomlêzing gearstald mei romte foar safolle mooglik talen, streektalen en dialekten. Der sit ek wurk yn fan de Fryske dichter Tsjêbbe Hettinga (1949-2013).

Yn de tiid dat er Dichter des Vaderlands (2019-2020) wie, hie er him dat foarnaam. Syn seleksje begjint yn 1945 en giet oer poëzy dy’t skreaun is binnen it Keninkryk fan de Nederlannen. Der is poëzy út Yndonezië, Suriname en fan de Antillen, mar ek gedichten fan nije Nederlanners út it Midden-Easten en Súd-Amearika.

L6es fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Tialda Hoogeveen nije Berneboeke-ambassadeur

logo.ensafh

Tialda Hoogeveen is fan takom jier ôf Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân, sa is hjoed by de presintaasje fan de Fryske oersetting fan it Berneboekewikegeskink bekendmakke. Fan jannewaris 2023 ôf sil Hoogeveen twa jier lang de promoasje fan it Fryske berneboek in gesicht jaan. Dêrmei folget se de earste Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân Lida Dykstra op.

Tialda Hoogeveen: “Ik fyn it in hiele eare om Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân te wêzen. Ferhalen ferbine ús mei-elkoar en mei de wrâld. Ik haw der sin oan om it berneboek in noch grutter poadium te bieden. Der is in berneboek foar elkenien, foar bern én folwoeksenen, dêr bin ik wis fan.”… Lês fierder

Teleks: Utstalling Trinus Riemersma yn Frjentsjerter biblioteek

logo.ensafh

Yn oanrin nei de Trinus Riemersmadei op 22 oktober komt der in unike útstalling oer libben en wurk fan Trinus Riemersma yn de Frjentsjerter biblioteek. Wethâlder Jan Dijkstra docht de iepening op 30 septimber.

Trinus Riemersma (1938 – 2011) is ien fan de grutste Fryske skriuwers fan nei de Twadde Wrâldoarloch. Hy wenne en wurke it grutste part fan syn libben yn Frjentsjer. By it domein Letter & Geast fan de Academie van Franeker ûntstie ferline jier it idee om it wurk fan Riemersma yn de skynwerpers te setten. “Riemersma fertsjinnet dat”, seit âld-heechlearaar Frysk Rolf Bremmer, sels lid fan L & G.… Lês fierder

Teleks: Folle minder doarpen dogge mei oan jierlikse Sutelaksje mei Fryske boeken

logo.ensafh

De Sutelaksje mei Fryske boeken wurdt dit jier yn folle minder doarpen hâlden. Wiene der by eardere edysjes in stik as sechtjin doarpen dy’t meidiene, no is dêr noch mar ûngefear de helte fan oer.
By de tradisjonele Sutelaksje fan Stichting It Fryske Boek giene frijwilligers mei kroaden en boeken de hiele provinsje troch. De lêste jierren dogge ferieningen en klups de ferkeap fan boeken en sy meie as fergoeding 25 prosint fan de opbringst hâlde foar de eigen klupkas.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder