Der komt in moaie wite auto it hiem op. Myn taksy, in echte Ambassador, moaier is der hast net yn Yndia. In model dat yn 1954 útfûn is en noch hieltyd makke wurdt. Ministers ride der yn, gewoan folk en no ik. It spielt, in wolkbreuk. It is de earste fan in hiele rige reinbuien dy’t Tamil Nadu, de súdeastlikste steat fan Yndia, wikenlang teisterje sille. En ik wol gewoan nei in oar plak dêr’t it miskien noch droech is. Mei de taksy, mei de Ambassador.
Hastich wurde de koffers ynladen. As ik neist de sjauffeur sit, klear foar de start, docht er de doar efkes iepen, jout in flinke rochel en spuit in moaie straal read sop, paan, de strjitte op.… Lês fierder
