Nyk de Vries

Barbecue

logo.ensafh

Us relaasjegelok wie sa grut dat ik der nerveus fan waard. Al yn ‘e earste wike fan ‘e simmerfakânsje wist ik neat oars te betinken as it stikken te meitsjen. ‘Lit ik it dwaan foar’t de buorman it docht,’ mompele ik, wylst ik de karavan achterút de Mar fan Genève yn begûn te riden. Mar myn freondinne learde my al wat kennen. Se hie it oankommen sjoen. Se hie maatregels naam – touwen spand en linen lein om it ding op syn plak te hâlden. Se hie de eangst fan har freon om samar te sizzen ynbûn, en dy jûns wienen we al wer lekker oan it barbecueën.… Lês fierder

Nyk de Vries

Sirkwy

logo.ensafh

Yn it sintrum fan Brussel hie ik in nije outfit kocht en ik fielde my as Tûfke* yn syn bêste albums, fol entûsjasme, ynsicht en nijsgjirrichheid. Mar werom yn ‘e stêd waard ik belle en it wie ferskriklik: in goeie kunde wie omkaam, ik hearde it nijs no krekt. In lytse kamion wie fan links op him ynriden. Triennen sprongen my yn ‘e eagen en foarby it sealtsje fan ‘e Jehova’s rôp ik: ‘Jezus wêr wiest?’ De fraach wie terjochte, mar in oare fraach likegoed: Wêr wie ik? Ik krige de aginda derby, mar eins wist ik it al. Wierskynlik wer earne yn it bandsjessirkwy.… Lês fierder

Nyk de Vries

Moeras

logo.ensafh

Us streek wie sompich en foar safier’t ik wist siet gjinien dêr te wachtsjen op krêftich liederskip. It tierde by ús prima sûnder fisy. Wy hienen in dúdlike foarkar foar in swak bestjoer, gewoanwei om’t we gjin inkele baat hienen by lju dy’t de saak yn in goeie rjochting stjoere soenen – it soe de ferhâldings allinnich mar fersteure. Dêrom seach ik sûnder eangst de ferkiezings temjitte. Moarns dronk ik in glês bier en tsjin fiven stimde ik mei in protte wille op in klown dy’t it lân fierder it moeras yn helpe soe. It is dêr’t we bedije.… Lês fierder