Tomke besiket fergees de toetsen fan syn mobyl yn te drukken. De hannen fan ’e âldman binne trochiere mei smoargens, it binne foarse hannen fan immen dy’t in libben lang by de boer wurke hat. It yl fan it jierrenlange bodzjen sit as plamuerkessentsjes oan ’e binnenkant. De fingers binne troch de jierren hinne suver opset as woarsten.
‘Wol it net?’
‘Nnn…nee..e, nnnet echt!’
‘Sil ik oars eefkes it berjocht yntoetse?’
‘Nnno… Jjawo… hear… Ttt..omke hat sok ke tsss… jokke ffingerss…’
It begruttet my ek wol wat om ’e âldfeint. Hellet er in nij mobyltsje út ’e winkel en dan docht bliken dat er net iens de funksjetoetsen yndrukke kin by it ezzemessen.… Lês fierder