‘Hearken, der is hjir ek net folle feroare de lêste sechtich jier!’ flústere muoike de beide famkes yn it ear doe’t hja it plein oerstieken.
Fetsje en Sús seagen inoar efkes oan; sa fan, muoike koe it wolris by it rjochte ein hawwe, en yndied, it like hjir wol wat op in dekôr út in polygoon-sjoernaal, mar soks seinen je as gasten net lûdop fansels.
Sús rûn op in stuit neist in kealende man dy’t it selskip begeliede. Se frege him oft der in soad te dwaan wie yn it doarp, oft der ek lannelike kranten ferkocht waarden, oft der bygelyks ek nei de nijsberjochten harke waard, oft der yn guon húshâldings ‘überhaupt’ al in televyzje stie, oft der hjir wolris in haadpriis fallen wie fan ’e steatslotterij?… Lês fierder