De wekkerradio sprong oan.
It getetter fan in te wekkere en in te folle pratende presintator ferjage mei geweld de rêst fan de iere moarn: in nije dei begûn.
Mei tsjinsin swom ik fanút de djipte fan myn dreamwrâld omheech. Stadich kaam ik nei it oerflak fan ’e wurklikheid, stadich kaam it besef by my werom. It besef dat it hjoed woansdei wie, dat ik wekker wurde moast, dat ik fan’t bêd komme moast.
Ik iepene ien each om mysels te ferwissigjen dat de wekker net te betiid ôfgien wie. Spitich genôch net. De reade ljochtjouwende sifers blikkeren ûnferbidlik 7.30. Ek noch bespotlik betiid.… Lês fierder