Twa grutte koppen, dampend fan langstme. Se rûke nei gember mei sitroen, nei ferwachtingen en rôze dreamen, in belofte fan dêr‘t gjin tiid en gjin romte besteane.
Ik drink fan myn tee, en ferdrink yn dyn eagen.
As antwurd steksto dyn hân nei my út.
Myn hân siket, fynt, hâldt fêst, hâldt fan.
De tafel sit yn it paad, te grut, te hoekich, te swier foar de hieltyd krimpende romte tusken ús yn. Dyn rook berûzet my, safolle swieter as it Fryske dúmke op it pantsje.
As de tee op is, bin ik hast ferdronken. Ik hap nei lucht, wol my oan dy fêstklamje, winskje dyn sykheljen yn myn longen te fielen.… Lês fierder
Postma. Froukje
Els
Els stiet mei de fuotten yn it wetter. De wyn is kâld, it wetter noch kâlder, mar de sinne is al waarm. It rimpelige oerflak fan de mar skitteret, it wetter klokt sêft by de wâlskant op.
Se fielt dat der in spanning yn de loft hinget. Is it de wyn dy’t it meibringt, binne it de fûgels dy’t deroer sjonge, is it de fochtige ierde dy’t it har ynflústeret? Se wit it net, mar se fielt it oan alles.
It lytse sânstrantsje is leech, it boarterstúntsje in eintsje fierder op ferlitten. Noch wol.
Oer in pear moanne, dan sil it hjir wer drok wêze.… Lês fierder
Grutte earen
‘Wêrom kin hy no noait ris nei my lústerje!’ Gûlend jout Marchje har op ’e bank del. Wêrom is har freon sa no en dan sa’n ferskriklike hurk!
Se aait har kat Boris dy’t oprôle yn ’e hoeke fan de bank leit te sliepen. Hy begjint daliks te spinnen. Har triennen dripkje op syn read-oranje hier.
“Gelokkich kinsto wol hiel goed lústerje,’ flústeret sy. ‘En boppedat fertelsto noait wat troch oan in oar.’
Boris iepenet ien each.
‘Ja, duh. Oan wa soe ik it fertelle moatte,’ brommet hy. ‘Dyn freon lústeret alhielendal net nei my.’… Lês fierder
Tien jaar wachten – Tsien jier wachtsje
(Priiswinnend ferhaal JM-Priis, sjoch dêrfoar hjir)
Ze hoort het op de radio.
Typisch, dat ze er net via die verrekte rotzender achter moet komen. Ze heeft een hekel aan de muziek en het geklets, ze heeft een hekel aan ieder geluid als ze geconcentreerd bezig is. Haar collega’s kunnen er lekker op doorwerken, zeggen ze. Het leidt haar alleen maar af.
Maar ze is eraan gewend geraakt. Ze luistert er niet naar, ze hoort het niet eens meer. Toch hoort ze dit nieuwsbericht wel. Het is het ene woord dat ze onbewust opvangt en dat haar aandacht grijpt. Natuurijs. Natuurijs?… Lês fierder
Lytse dingen
De wekkerradio sprong oan.
It getetter fan in te wekkere en in te folle pratende presintator ferjage mei geweld de rêst fan de iere moarn: in nije dei begûn.
Mei tsjinsin swom ik fanút de djipte fan myn dreamwrâld omheech. Stadich kaam ik nei it oerflak fan ’e wurklikheid, stadich kaam it besef by my werom. It besef dat it hjoed woansdei wie, dat ik wekker wurde moast, dat ik fan’t bêd komme moast.
Ik iepene ien each om mysels te ferwissigjen dat de wekker net te betiid ôfgien wie. Spitich genôch net. De reade ljochtjouwende sifers blikkeren ûnferbidlik 7.30. Ek noch bespotlik betiid.… Lês fierder