Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan | 5e haadstik

logo.ensafh

Desiderius wie hiel tefreden mei himsels dat er krekt op ’e tiid de oerstap nei de nije machthawwers dien hie. Miskien wie it in te koarte-termyn redenearring, mar wa koe yn ’e takomst sjen? Hy hie der yn alle gefallen gjin nocht oan en bring de rêst fan libben yn in grot mei traljes troch, om it oer de wiere dea mar net te hawwen. De mannen rûnen bylâns de fruihôf nei in grutte grot dy’t derút seach as de manljusferbliuwen fan de striders foar it wiere leauwe, sis mar de wjergader fan wat kantoaren en merkwurking yn ’e westerske wrâld binne.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 4.4

logo.ensafh

In grot by in figehôf wie mei provisoaryske traljes ôffrede. Hiel tûk. Sa wiene se allegeduerigen ûnder de eagen fan ’e bern en memmen dy’t yn ’e fruithôf dwaande wiene of oan it waskjen by it ymprovisearre stap. Sy wiene it twadde trijetal dat efter de traljes set waard. Efkes letter waard in oar trijetal binnenbrocht. No miste der lykwols noch ien trijetal, dat bestie út Van der Molen, Van der Dol en Simmer. Soe har tank in foltreffer hân ha? Trije maten fuort? It krige de mannen yn ’e grot by it hert dat trije fan harren misskien al dea wiene.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 4.3

logo.ensafh

“Wilt U niettemin de oefening voortzetten, toets dan de daartoe verstrekte kode in.”

– Se komme tichtbery, âle Boskma, dy’t de muzyk no sacht set hie, dat it troanstaal net folle desibels mear by te setten hie. Noch efkes en har beskieden lûd soe de motor fan ’e tredde hâns Talibantank fan Amerikaanske makelij oerstimd wurde.

– Skrolle, skrolle, balte Desiderius.

“Raadpleeg voor de kode het rapport dat U medio 2006 door de Begeleidingsdienst is toegestuurd”.

– Ik sjoch se al, rôp Boskma, noch in kilometer, dan ha se ús te pakken.

– Ik skrol ik skrol, balte van der Balk.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 4.2

logo.ensafh

Boskma die de CD-spiler oan mei de leaflingsmuzyk dêr’t er oars mei koptillefoan nei harke, mar dy’t er no op de lûdsprekkers fan ’e tank oansletten hie. It klonk en davere troch tank en woastyn fier yn it rûn. Yndrukwekkend.

– Wat is dit foar muzyk, frege Van der Balk.

– Von Thronstahl, raasde Boskma om boppe it lûd fan ’e muzyk út te kommen. Fynst it moai?

– Prachtich!, âle Van der Balk.

– Ik bin gek op dizze stijl fan muzyk, sei Boskma, ik wol der wol oant myn 67ste nei harkje en letter.

– Hoe hjit dizze stijl dan?,… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 4e Haadstik

logo.ensafh
kriichshannelingen. us jonges yn afghanistan sette har yn foar de beskaving. se harkje nei passende muzyk. ex pluribus unum. oer arbo-karde tanks, de seine fan de merkwurking, en in suksesfolle yntegraasje fan de nederlanners (sjederrr, it kin wol!) yn de afhaanse multi-kulturele maatskippij.

De mannen leine fredich op bêd of sieten yn it sithoekje. Van der Balk lêsde yn de Koran. Hoewol’t Van der Balk sels ateïst wie, ynteressearre er him de lêste tiid in protte foar religy. Hy hie yn syn jonge jierren de bibel lêze moatten mei’t syn âlden tige tsjerksk wiene. Mar al foar de puberteit hie er ta de konklúzje kommen dat monoteïsme by de puberteit fan it minskdom heard.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 3.4

logo.ensafh

Dy’t God leagenet, ûntkent it bestean fan moraal en fatsoen, is minder as in bist, en fertsjinnet de kwellingen en de dea.
 

Wolno, 12 fan sokke westerlingen makken har no ree om Afghanistan te ‘helpen’. Op syn bêst wiene se in bytsje oekumenysk kristlik en op it slimst wiene se yndie ûnleauwige hûnen. Yn in grutte wolke moude sette de piloat it fleantúch oan ’e grûn. De syddoar fan it fleantúch gie iepen. De waarmte sloech har as in tekken te mjitte. Aldergeloks wie it in droege waarmte, gjin fochtige. Gjin ljedder diskear. De mannen makken sels de sprong nei ûnderen ta; yn tsjinst fan it leger joegen se har nei ûnderen ta, nei ûnderen dêr’t de sinne it sân yn brân sette as wie dit de hel sels.… Lês fierder

Eric Hoekstra

In Fries yn Afghanistan 3.3

logo.ensafh

Dêr sieten oan de iene kant (lofts of rjochts, dat wie net te sjen yn it tsjuster) de seis dy’t wy al kenne: Desiderius Huizinga, Wouter Boskma, Abdul Kinksma, Hendrik van der Balk, Marco Rutario en de Sersjant, dy’t gjin namme hie. De oare seis (lofts, rjochts?) koene net by har yn it skaad stean en wiene fan in lichter alloai. Nettsjinsteande sille wy har oan de ferjittelnis ûntkrije want de genede is ek foar it mindere ornearre. Dêr sieten:
Fido Simmer, in man dy’t feroardield wie foar it siedzjen fan hate tsjin beskate befolkingsgroepen, in sterke propagandist dy’t by ferkiezingen in protte stimmen krigen hie.… Lês fierder