Piter Boersma

Molwrot 25

logo.ensafh

Feuilleton

25

Seleina reizge yn Santiago de Sili daliks troch nei Parys.
‘Ik wol dy graach in kear opsykje yn Amsterdam,’ hie Pedro Vidal sein.
Har antwurd hie west, dat er wolkom wie en se it spitich fûn dat se him no net treffe koe. Se hie by dat lêste referearre oan de fantastyske wike dy’t se twa jier lyn tegearre hân hiene yn dat hotel heech yn ’e Andes.
Seleina koestere sokke wiken. Nêst Pedro Vidal en Wang Mu wiene der noch in stik as tsien manlju dêr’t se it prachtich mei hân hie. Mei gjinien fan har sakepartners wiene de kontakten en de útstapkes op in teloarstelling útrûn.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot 24

logo.ensafh

Feuilleton

24

Nei it kontakt mei Pedro Vidal hiene se besletten om net de weromflecht te nimmen dy’t se boekt hiene, mar in pear dagen letter te gean en dan net nei Santiago, mar nei Papeete op Tahiti en dêrwei fia Sydney yn Australië nei Europa werom te fleanen. Alexander Boban rekke troch dat foarútsjoch suver yn in eufoaryske stimming, wylst Seleina der feninich ûnder wie en sei: ‘Troch dit akkefytsje bliuwt der fan ús fakânsje hjir neat oer en is it ek krekt as ha de foargeande dagen gjin betsjutting mear. En it slimste is dat it neat foar my is om my sa te fielen.’… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot 23

logo.ensafh

Feuilleton

23

De taksysjauffeur seach in bytsje fersteurd doe’t Seleina him oanspruts, krekt as helle se him earne út wei. Hy hie him deljûn op ’e Ahu oan ’e foet fan de iennichste mo-ai yn de rige mei in pukao op. Se komplimintearre him mei it trommeljen en begûn doe oer de fûgelmankultus. Se sei, dat se it spitich fûn dat dy net mear bestie, want dan hie se sjen kinnen hoe’t er as earste mei in fûgel yn ’e hân boppeoan de klif by Orongo ferskynde.
De taksysjauffeur seach har wantrouwich oan.
‘Ik ha dy in pear dagen lyn út dyn taksy stappen sjoen,’ sei se.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot 21 en 22

logo.ensafh

Feuilleton

21

No’t Paul der ek wie, bestelden se nochris in Pisco Sour, de ynlânske cocktail.
As foargerjocht keazen se sileenske sop mei kabeljau en kokkels, moksels, krab, garnalen en coquilles en as haadgerjocht tonyn, de eksoatyske kana kana en in skaaltsje mei seefruchten. Se namen der de wite wyn by dy’t Paul dêr al earder dronken hie.
‘Dat wy no fisk ite sille op Peaske-eilân, dat harmoniearret, dat is moai,’ sei Paul Mols, ‘mar oars, ik swar by heterogeen en by dissonant. De Midden-Europeeske Mahler spylje op Peaske-eilân en it ûnder it iten fan fisk hawwe oer Mahler neam ik heterogeen.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (20)

logo.ensafh

Feuilleton

20

Se hiene har krekt yn de keamer fan it pensjon ynstallearre doe’t Seleina har telefoan gong. It wie Pedro Vidal.
‘Der binne trije man ûnderweis. It is hjir no tolve oere. Se binne in healoere ûnderweis, dat se binne der om healwei fjouweren hinne. Op it fleanfjild is ek alles regele.’
‘Ynoarder. Tanke, Pedro.’
‘As dyn fakânsje der op sit, bleau dan noch in pear nachten yn Santiago.’
‘Ik ha Alexander wol by my, mar it moat te regeljen wêze.’
‘Moai.’
Seleina fertelde Alexander hoe’t it der foar stie.
‘Wa is Pedro Vidal eins?’
‘Hy hat in hege funksje op it ministearje fan definsje.’… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (19)

logo.ensafh

Feuilleton

19

Se fytsten oer in paad midden oer it eilân nei de Rano Raraku ta. It gong op en del, mar op ’e mountainbikes wie it prima te dwaan. Yn it begjin kamen se se noch greide en boulân tsjin, mar dêrnei wie it meast wyldlân. Benammen op legerlizzende plakken groeiden espeltsjes palmbeammen en wie der lege begroeiïng, mar fierders rieden se troch in alfolle keal gebiet mei grien gers en rûchte, dêr’t de rotsgrûn rûnom yn gruttere en lytsere meast ôfflakke bulten en bultsjes trochhinne stuts. It waaide flink. Doe’t se by de fulkaan wiene hâlden se it paad nei rjochts oan dat nei it fynplak fan withoefolle mo-ai’s rûn.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (18)

logo.ensafh

Feuilleton

18

By it delkommen hie Seleina even sicht op it eilân. Moai, dy grutter wurdende langwerpige, ûnregelmjittige, donkergrize flek yn de oseaan mei de wite râne fan ’e brâning, keale rotsen, brune, gielige en griene stikken, de kontoeren fan fulkanen, hjir en dêr beammen, de rotsige kustline, stikjes strân, diken, de stêd, it fleanfjild.
Alexander bûgde him foar har lâns om der ek in glimp fan op te fangen.
Se sei: ‘Ik wol ien fan ’e kommende dagen op it ynternet it reisferslach fan Jacob Roggeveen opsykje. Dat liket my nijsgjirrich.’
‘De ûntdekker fan it eilân, in Nederlanner, ik ha it lêzen,’ sei er.… Lês fierder