Piter Boersma

Molwrot (17)

logo.ensafh

Feuilleton

17

‘Ik wol Paul eins freegje oft er ek in boek oer Mahler by him hat dêr’t ik gau wat essinsjele ynformaasje oer him yn fine kin,’ sei Alexander.
‘Dat dy Paul mei teksten fan Alma Mahler oansetten kaam,’ sei Seleina, ‘ik woe der net daliks tsjin him oer begjinne, mar it skynt dat fan it byld dat sy fan Mahler ophinget net folle kloppet.’
Noch krekt foar’t se opstiigden brocht Alexander it programma nei Paul Mols werom.
‘Seleina fernuvere har der oer datst ús útlittingen fan syn frou Alma lêze lietst,’ sei Alexander, ‘Alma soe in folslein fertekene byld fan har man jûn ha.’… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (16)

logo.ensafh

feuilleton

16

Se fleagen boppe de Atlantyske Oseaan. Seleina sliepte. Alexander Boban seach nei bûten nei de blauwe loft en de wolken yn ’e djipte. Hy fielde him los fan alles en dat brocht him werom nei in momint út syn jeugd. Hy wie santjin en kuiere mei Dubravka, in famke út it doarp, de greiden del dy’t ôfrûnen nei de rivier. It wie in simmerdei.
‘Wy wurde fêst neisjoen,’ sei Dubravka.
‘Dan moatst dyn rêch noch rjochter hâlde,’ sei er.
‘Ik sjoch spoeken,’ sei se, ‘Janko sil it net akseptearje dat ik mei dy gean en net mei him.’
‘Wy sjogge wol.’… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (15)

logo.ensafh

feuilleton

15

Doe’t se de oare moarns wekker waarden sei Alexander: ‘De dei fan ’e boattocht.’
‘Ik tocht der ek al oan,’ sei Seleina, ‘en oan Gustave Flaubert syn roman ‘L’éducation sentimentale – Histoire d’un jeune homme’, ‘Leerschool der Liefde’ hyt it yn it Nederlânsk. Dat boek begjint mei de ôfreis fan it haadpersonaasje mei de boat fan Parys streamop nei Nogent-sur-Seine. Ik wit dat noch om’t ik it doe’t ik it boek lies op ’e kaart opsocht ha. En hy stapte doe op ’e boat eastlik fan it Ile de la Cité.’
Alexander stapte fan it bêd om de plattegrûn fan Parys te pakken.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (14)

logo.ensafh

14

Ut it Musée d’Orsay wei kuieren se by de Seine lâns it Ile de la Cité en it Ile St. Louis foarby.
Seleina wiisde him ûnderweis op it Louvre oan ’e oare kant fan de Seine, op ’e Pont Neuf, op ’e Notre Dame.
‘Hjir rinne en om my hinne sjen ha ik it no it measte ferlet fan,’ sei Alexander, ‘ik hoech hjoed net wer earne nei binnen ta.’
Oer de Pont de Sully gongen se de Seine wer oer en rûnen doe nei de Place de la Bastille ta.
Seleina wiisde him fuort op it enoarme griiswite opera-gebou mei oan ’e kant fan it plein de healrûne gevelpartij en blokeftige eleminten en in dakpartij dy’t der ek blokeftich útseach.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (13)

logo.ensafh

Feuilleton

13

‘Op Peaske-eilân,’ sei Seleina, ‘net earder.’
‘Ik kin wachtsje,’ sei Alexander, ‘mar it giet dan eins allinne noch mar om details. Do hast as famke ien fermoarde en dyn neef hat it sjoen.’
‘Op Peaske-eilân,’ sei se, ‘dan pas. Do bist de earste dy’t it no wit.’
‘Ier of let,’ sei Alexander, ‘dan is it der oan ta. Dat ha se tsjin my sein.’
De skille gong.
‘Dêr sil Catrinus wêze,’ sei Seleina, ‘en tink der om, hin, mûle ticht.’
Alexander liet him deryn.
Doe’t Catrinus siet, seach er om him hinne en sei: ‘Ik ha hjir twa kear earder west, mar dat is al hast twa jier lyn.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (12)

logo.ensafh

Feuilleton

12

Oan ’e ein fan ’e boulevard rûnen se it strân op. It wie eb, dat it wie in eintsje rinnen nei it wetter ta.
‘Hoe fierder by de dunen wei hoe better,’ sei Alexander.
Seleina lake en fleach foarút.
It strân wie fierhinne leech.
Doe’t Seleina hast oan ’e ein fan it strân ta wie gong se yn ’e hoksen sitten en tekene se twa hannen mei de pols, krúslings en mei de rêch nei de beskôger ta. Dêrnei rûn se sa fier fierder dat de útrinnende weagen fan de see krekt net oan ’e punten fan har skuon ta kamen.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (11)

logo.ensafh

Feuilleton

11

‘Ik moat dus tinke, datst hjir blanko ynstapt bist,’ sei Seleina, ‘en datst dat briefke mei “Wy nimme kontakt mei dy op” foar kennisjouwing oannommen hast. Ik leau dy, hear.’
‘Ja, ik ha gewoan ôfwachte en fan ’e moarn wie it dan safier. Mar hoe witsto dat ik, nei’t ik yn Belgrado by dy yn it hotel west hie, oansprutsen bin? En dan skynst ek noch te witten wat de konklúzje fan de persoan wie mei wa’t ik praat ha.’
‘Ik wit hoe’t de wrâld yninoar sit. Ik wist dat ik yn Belgrado folge waard.’
‘Mar do wiest dy jûns yn kognito.’… Lês fierder