Piter Boersma

Molwrot (13)

logo.ensafh

Feuilleton

13

‘Op Peaske-eilân,’ sei Seleina, ‘net earder.’
‘Ik kin wachtsje,’ sei Alexander, ‘mar it giet dan eins allinne noch mar om details. Do hast as famke ien fermoarde en dyn neef hat it sjoen.’
‘Op Peaske-eilân,’ sei se, ‘dan pas. Do bist de earste dy’t it no wit.’
‘Ier of let,’ sei Alexander, ‘dan is it der oan ta. Dat ha se tsjin my sein.’
De skille gong.
‘Dêr sil Catrinus wêze,’ sei Seleina, ‘en tink der om, hin, mûle ticht.’
Alexander liet him deryn.
Doe’t Catrinus siet, seach er om him hinne en sei: ‘Ik ha hjir twa kear earder west, mar dat is al hast twa jier lyn.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (12)

logo.ensafh

Feuilleton

12

Oan ’e ein fan ’e boulevard rûnen se it strân op. It wie eb, dat it wie in eintsje rinnen nei it wetter ta.
‘Hoe fierder by de dunen wei hoe better,’ sei Alexander.
Seleina lake en fleach foarút.
It strân wie fierhinne leech.
Doe’t Seleina hast oan ’e ein fan it strân ta wie gong se yn ’e hoksen sitten en tekene se twa hannen mei de pols, krúslings en mei de rêch nei de beskôger ta. Dêrnei rûn se sa fier fierder dat de útrinnende weagen fan de see krekt net oan ’e punten fan har skuon ta kamen.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (11)

logo.ensafh

Feuilleton

11

‘Ik moat dus tinke, datst hjir blanko ynstapt bist,’ sei Seleina, ‘en datst dat briefke mei “Wy nimme kontakt mei dy op” foar kennisjouwing oannommen hast. Ik leau dy, hear.’
‘Ja, ik ha gewoan ôfwachte en fan ’e moarn wie it dan safier. Mar hoe witsto dat ik, nei’t ik yn Belgrado by dy yn it hotel west hie, oansprutsen bin? En dan skynst ek noch te witten wat de konklúzje fan de persoan wie mei wa’t ik praat ha.’
‘Ik wit hoe’t de wrâld yninoar sit. Ik wist dat ik yn Belgrado folge waard.’
‘Mar do wiest dy jûns yn kognito.’… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (10)

logo.ensafh

Feuilleton

10

Se wiene in skoftke stil.
‘In liif, de ereksje fan ’e neakene stilte, de heimsinnige eachopslach fan stien,’ sei Seleina doe, ‘ik wit net wêr’t ik it wei ha.’
‘Sille wy der mar mei kappe?’ sei Catrinus.
Alexander gong fan it bêd ôf en neaken nei ûnderen ta. Seleina draaide har op ’e side om te sliepen. Catrinus gong der doe ek ôf, klaaide him oan en doe’t er ûnder kaam, woe er fuort ôfstekke nei hûs ta, mar Alexander sei: ‘Wat tinkst fan my?’
‘Hoe bedoelst?’
‘Dat ik hjir by Seleina bin.’
‘Eins neat. It is Seleina har libben.’… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (9)

logo.ensafh

feuilleton

9

Se ieten as neigesetsje in fanillepuddinkje begetten mei sûkelade en iis en slachreamme derby. Doe’t se it lêste hapke nei binnen wurke hie, seach Seleina Alexander fernuvere oan. Hy hie samar ynienen sein: ‘Hasto der noait oer prakkeasearre, Seleina, om mem te wurden?’
‘Hoesa?’
‘Do wiest sa’t skynt even yn dreamelân, miskien al op Peaske-eilân, mar Catrinus en ik fregen ús ôf oft wy ús foarstelle koene om as heit diel út te meitsjen fan in húshâlding?’
‘Ik ha noait de ambysje hân om mem te wurden. Fansels ha ik der wolris oan tocht. Ik soe it net kinne, tink.’… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (8)

logo.ensafh

Feuilleton

8

It waard in animearre jûn. It iten wie treflik. Se dronken oerdiedich.
‘Trije, trio,’ sei Seleina op ’n stuit.
‘Dat jout rêst,’ sei Alexander.
Seleina lake. Alexander ek. Catrinus wist even net hoe’t er it hie.
‘Kom op, Catrinus,’ sei Seleina, ‘net kel wurde.’
‘Ik bin it al,’ sei er.
‘Do kinst Seleina langer as ik,’ sei Alexander, ‘mar noch altyd net goed genôch, sa’t it liket.’
‘En no stil,’ sei Seleina, ‘ik bepaal wêr’t it oer giet. Dat is de hiele jûn al sa en dat bliuwt sa.’
‘Is it goed dat ik him útkloarkje oer syn libben yn Servië?’… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (7)

logo.ensafh

Feuilleton

7

Doe’t se sieten, sei Catrinus: ‘Ik wie even ferstuivere.’
‘Dat seach ik,’ sei Alexander, ‘mar hoesa?’
Seleina sei: ‘Hy tocht, dat hy en ik tegearre ite soene. Ik hie him net oer dy ferteld.’
‘It is no wol de fraach wat men mei dy kin,’ sei Alexander.
‘Watsto mei my kinst, bedoelst,’ sei Seleina.
‘Okee. Ik nim dan mar oan dat oaren mear mei dy kinne, dy better kenne,’ sei Alexander.
‘Do kenst har no,’ sei Catrinus.
‘Wat wolle jim no eins,’ sei Seleina, ‘mei my ite of net.’
‘En mei dy op bêd,’ sei Catrinus.
De ober brocht de kaart en frege wat se drinke woene.… Lês fierder