Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Literêre aktiviteiten fan ’e ôfrûne fjirtjin dagen: (net yn gronologyske folchoarder)

1. Mei goekunde nei Literaire Avond II west yn Ljouwert.
2. Nustje boeken ferkocht, wêrfoar tank oan de keapers/lêzers.
3. Berneferhaaltsje oanheard op de nijjiersbuorrel fan de Afûk.
4. Optreden en taharke op de Grutte Gedichtejûn fan Ensafh. Grutte opkomst, grut súkses!
5. Pear Ensafh-shirts oan ’e man brocht.
6. Literêr Sirkwy yn Sint Jabik organisearre en meimakke.
7. Nije digy opsteld.
8. Foaropwurd dêrfoar skreaun.
9. Teksten neisjoen.
10. Boekbesprek skreaun, of better, ôfmakke.
11. Hûnderten mails besjoen en guon beäntwurde oangeande redaksjesaken.
12. Ien of twa heale gedichten skreaun.Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Yn it nije jier altyd wer nije foarnimmens dy’t no al wer yn ’e kast setten binne. Blue Monday hat al west, al sizze guon dat it oankommende moandei pas is. Hoe dan ek, wy binne wer begûn mei smoken, drinken, noch net in eintsje te sporten west en gean sa mar troch. En wat nukt it allegearre ek? As ien foarnimmen mar neilibbe wurdt, der moat libbe wurde! En der wurdt wat libbe troch de literatuer. En it libben wurdt beskreaun yn ’e literatuer. Mei oare wurden, lêze is libje. Moai dat Ensafh yn dat earste libbensferlet foarsjocht. Dit nije jier wer sân papieren en tweintich digitale edysjes.Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Oare kear skreau ik oer it bieden fan in poadium oan skriuwers. Is der net in poadium, dan is it skriuwen gau oer. In blom hat wetter nedich, sa hat in skriuwer lêzers nedich en mooglik wat reaksjes. Reaksjes kinne altyd noch jûn wurde op it ensafhoarum (linkje) of skriuw in brief nei de redaksje.
No wol ensafh it/ít poadium foar Fryske skriuwers wêze, mar der moat ek romte wêze foar oare minderheidstalen. Sa dichtet Hein Jaap Hilarides yn it Biltsk en dy fersen pleatse wy graach. Op dizze lêste edysje fan it jier dêr wer in priuwke fan.
Wy slute dit jier ôf mei in bysûnder stik fan Marcel Plaatsman.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Wat is it dat je as skriuwer skriuwe? Hawwe je in boadskip dat je yn in moaie foarm getten oan ’e wrâld fertelle wolle? Of wolle je graach wat oandacht hawwe, in beskieden bekendheid opbouwe sadat je ego opkrikt wurdt?

En wannear’t je dan wat skreaun hawwe dat de wrâld yngiet en omtinken kriget, hoopje je dan dat de ferkeap fan jins boeken omheechgean sil, of fine je dat allinnich mar moai om jins earder neamde ego op te krikken? Dat je jesels yn ’e krante stean sjogge, is leuk en dat je (werris) filme wurde ek, mar it giet dochs om it skreaune, tinkt my.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Ferline kear skreau ik dat men mei sok waar mar it bêste wat yn ’e hûs sitte kinne. Dat is oan ’e iene kant sa, want dy tsjokke mist noeget alhiel net út.

Lykwols is dat net hielendal wier, want der is mear as genôch te dwaan yn Fryslân (en dêr bûten). It ôfrûne wykein hawwe wy it Keppelfeest yn Boalsert hân mei muzyk, poëzij, teater en folle net genôch! De minsken koene mei it moaie waar harren earen en eagen de kost jaan yn de Gysbert Japicx-stêd.

Hjoed begjint it festival Explore the North mei wer muzyk, poëzij en neam mar op.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

It wie ferline wike útsûnderlik myld waar foar de tiid fan ’t jier. Minsken wiene noch wakker drok dwaande yn ’e tún. De blêden falle al wol fan de beammen, dêr is gjin begjinsein oan om dat hieltyd oanfeie te moatten. Wat in drokte om neat, want moarn leit it op ’e nij besiedde. Krûp leaver yn ’e hûs en set de kompjûter oan. Lit de wyn mar oanhelje en oer de heide gûle. As der al in beam omwaait en dêrtroch komt der in stoeptegel bryk te sitten, losse de strjitmakkers dat wol op. Mar nei de hjerst en de winter komt der wer in nije tiid, soe it in nije tiid wurde sa’t Nyk de Vries dat skriuwt?… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Foaropwurd

logo.ensafh

Ut namme fan ’e redaksje wol ik graach Durk van der Ploeg fan herte lokwinskje mei it winnen fan de Gysbert Japicxpriis 2011. Nei sa’n machtich oeuvre komt it jo ta! Lokwinske!

Ta eare fan de winner hawwe wy dizze kear in ‘Durk-Digy’ gearstald mei:

– In lofdichttroch Klaas Bruinsma.
– Gedichten fan Van der Ploeg, troch Piter Boersma en André Looijenga ynsprutsen.
– In besprek fan syn nijste boek.
– In presintaasje fan alle besprekken fan syn wurk dy’t stien hawwe yn en op ensafh en it eardere Hjir en Farsk.
– En fierder kollums, in essee, in filmke en in skildere portret.… Lês fierder