Dit is de sechsde ôflevering fan ensafh-digitaal.
De ôflevering iepenet mei de sechsde ôflevering fan it poëzyprojekt fan Andries Miedema. Hy hat fan it ferhaal ‘De laatste reis van de Nyborg’ fan J. Slauerhoff hieltyd parten yn komprimearre foarm yn gedichten fongen, dy’t er hieltyd foarôfgean lit troch in stikje tekst fan it oarspronklike ferhaal. Yn elke ôflevering wurde in tal gedichten + proazatekst jûn. De eardere ôfleveringen stean yn ensafh 1-5.
De twadde poëzybydrage is fan Edwin de Groot. Yn it gedicht ‘Ald reed’ soe er, mar giet er werom.
Fêste meiwurker Jouke Hylkema hat it yn syn altyd op aktualiteit weromgeand ferhaal dizze kear oer de stân fan ’e fiskerij, krekter sein oer de stân fan saken yn ’e ielfiskerij.… Lês fierder