Foaropwurd 69
Mar de oanstriid om te skriuwen is eins grutter as it lêzen wurde. En dêrmei is fuort noch in soarte fan eksperimintsje foltôge.
Ik hie nammentlik sels altyd tocht, dat wannear’t men net lêzen wurde soe, men der op ’t lêst wol mei ophâlde soe, dat is dus blykber net sa. De oanstriid sil faaks wol bestean bliuwe en men pielt dan faaks noch wol ris wat op in papierke om, mar echt ‘grutte’ produksje bliuwt dan út. Ik bin bliid te fernimmen dat foar my net opgiet.
Hoe is dat mei jimme sa? As der gjin inkeld, of op syn heechst in goede tsien, boek mear ferkocht wurdt, hingje jimme dan de pinne (of kompjûter) yn ’e wylgen?… Lês fierder
Bêst, it is no wol bewiisd, foaropwurden wurde net lêzen, ik kin it likegoed oerslaan.… Lês fierder
No is it bytiden sa dat elke keutel dy’t lein wurdt fuortdaliks kard wurdt. Hat er de goede lingte en dikte. Is de tekstuer en struktuer goed, net te hurd, mar foaral net te sêft (bah!). En fansels, it wichtichste mei in keutel, hoe is de geur.
Yn alle lytse herntsjes fan ’t ynternet wurdt wol in keutel lein. As dat no op in ferneamd bloch is of as it mar in neatsizzend persoan op Twitter of Facebook (bestiet Hyves noch?) is. Der is altyd wol ien dy’t mient reagearje te moatten op sa’n leine keutel. Dat is ek krekt de bedoeling fan de sosjale media en krekt de bedoeling fan ’e minsken dy’t der op sitte en dingen poste.… Lês fierder
No is it Boekewike, oftewol tsien dagen, en is hiel Nederlân yn ’e ban fan it lêzen fan boeken. Men kin nije boeken oantuge, âlde op ’e nij lêze, ris ien fan in freon of oare kunde lêze of neam mar op.
Mar as jo noch ientsje binne dy’t thús in boekekast hat – der wie ris in filosoof dy’t sei dat in hûs sûnder boeken as in lichem sûnder siele is (hoe sil dat aanst mei de e-reader wêze?) – dan hawwe jo dat grif op in beskate wize oardere. Guon dogge dat blykber op kleur of op grutte. Ik it leafst op auteur, kin men teminsten in beskaat boek sa wer fine.… Lês fierder
Der wenne in mantsje yn Fryslân dy’t o sa hâlde fan dat lân en benammen fan dy syn kultuer, histoarje en taal. Lykwols waard der troch minsken fakentiids nuver nei harke as er fertelde dat dat syn hobby wie en dat er dêr ek graach syn profesje fan meitsje wolle soe. Dat raasde oan ’e protters, wiene dy minsken fan betinken en soe grif net slagje.
Mar it mantsje wie dwers as kramtied en sette troch mei syn pielerijen. Mar de minsken krigen gelyk. De jildkranen waarden manmachtich tichtdraaid. Alles kaam stil te sitten, it mantsje kaam thús te sitten en koe it allegearre allinnich mar troch syn ruten wei oansjen en folgje.… Lês fierder
Ik krij wol gauris de fraach oft ik net fierder wolle soe mei de skriuwerij. Fansels wol ik fierder mei de skriuwerij. Haw in idee foar in histoaryske roman en soe stommegraach te set wolle mei in dichtbondel. Fierders skriuw ’k graach alderhanne stikken. Boppedat haw ik de eare en it fernoegen om sa út en troch ris op te treden, wat ek al sok gouden wurk is. Dan sis ik ek tsjin ’e minsken dat ik der fierder mei gean, want de ideeën en mooglikheden lizze der wol.
De folgjende fraach is dan as ik dêr werklik mei rûnkomme kinne soe.… Lês fierder