
wat soe hy ferskuorrend laitsje
as sy deagong
dan lake er him siik,
dan lake er him stikken
werklik, hy soe him dealaitsje
as sy deagong… Lês fierder

wat soe hy ferskuorrend laitsje
as sy deagong
dan lake er him siik,
dan lake er him stikken
werklik, hy soe him dealaitsje
as sy deagong… Lês fierder

soms komt de kalmte
fan in holle holle
as ik nachtlik nessele
sit op in
bêzje-brún bankje
mei gatten deryn
skroarsk tusken ah en eh
tusken holle en heup
mei sokken
mei gatten deryn
as stadich sleauwerjend
gluoikjend gers ferglydt
tusken ah en eh
tusken wurdleas sûnder
en wurdleas mei
wurden
wylst wijreek stimet
en read pears wurdt
en david docht
wat david docht
mei wurden
en sûnder wurden… Lês fierder

as de finzenissen leech
en de timpels fol binne,
wurdt it ryk goed bestjoerd
dan moatte se misdiedigers
opslute yn timpels… Lês fierder

Yn de nacht
fan de nacht
stean ik steil
stil tusken
twa nachten
as boekesteunen.
Oer de
rânen sjoch ik
hichten
fan swart
in heechbrieder
leit dêr.
Myn frucht fan
aaien giel
de djerre
leech de dop
prematuer
de dowen.
It ferlies
in nachtspinsel
útbret yn’t
tsjuster by’t
kymjen fan ljocht
as deade dream.… Lês fierder

by Winaem seach ik ea
de sinne hiel moai ûndergean
yn in spegelglêde Waadsee
nachts seach ik him noch
de oare deis seach ik him wer
as ik myn eagen iepen hie
en noch as ik se efkes tichtdie
letter seach ik de sinne nea
wer sa moai ûndergean as doe
yn de Waadsee by Winaem
nachts sjoch ik him noch… Lês fierder

Ik krij gjin lucht, om’t ’t swurk fan maitsen krielt
en nergens is in stjer dy’t my wat meldt.
Mar der is muzyk dy’t it stasjon besiel’t,
faaks binn’ dêr sanggoadinnen mei besteld.
Soms dat it fluitsjen fan ‘e trein de klank fernielt,
alear’t de strikersgroep ta ien wer gearsmelt.
In park. De glêzen stolp fan de stasjonshal.
Betsjoend is ’t ryk fan stiel en steam.
Yn ‘e bewalme, himelske gehoarseal, oer ’t al,
spraat in wagon syn galmjend spul, ik neam:
in pauwegjalp en Steinway’s swiere tongfal.
Ik bin te let. Bin bang. Dit is in dream.
Fan fioelen klinkt dêr lûd it kleiliet
en ik gean yn ‘e hal, dat glêzen wâld,
dêr’t woast de wel fan ’t nachtlik koar kryt,
de rook fan roazen yn in moffe kas tahâldt.… Lês fierder

dêr rint ien!
watsei?
dêr rint …
hearde ik dêr in klap?
dêr rûn ien …
watsei?
dêr rûn ien!
en dat seist no pas?… Lês fierder