André Looijenga

Berneboeken, blinder!

logo.ensafh

Tiisdeitejûn wie ik yn Drachten, yn it boppesealtsje fan de ‘Belibbibleteek’ (of hoe’t se dêr dy ynstelling ek neame). Hawar, dêr haw ik in bêste Sirkwy-lêzing beharke fan Sigrid Kingma. Hja hold in besteklik en ynspirearjend ferhaal oer it Fryske berneboek yn de lêste foech tweintich jier. Hja joech in moai oersjoch fan wat der allegear wol net bart en útkomt oan Fryske berneboekeskriuwerij, statistysk kreas ûndersifere. De ynhâldlike trends yn dit ferskaat oan boeken (wy hawwe it dan oer hast fiifhûndert!) hie se it net in soad oer. Wol oer hoe’t Fryske berneboeken (al as net) bý Fryske bern komme.

Lês fierder
Cornelis van der Wal

Deabier

logo.ensafh

Halbe, de drummer, hie de foarige deis syn kop keal skeard. John, leadsjonger fan de band, fûn dat mar neat, se wiene dochs gjin skinheads wol? By de optredens moast der mar in pet, mûtse of prûk oerhinne, sa ornearre er.

‘Nee, man, ik bin boeddhist wurden!’ wie de replyk.
‘Kul!’

Efkes letter mishannele Halbe it drumstel mei alle agresje dy’t er as boeddhist yn him hie, simpele ritmes, mar mei in alderheislikste drive. Jaap, de man fan de elektroanika, drukte op in knopke fan syn keyboard en, earst tige sêft, kaam de driigjende basline opsetten, skerp en mei in tsjuster grommeljende ûndertoan.… Lês fierder

Anneke van Renssen

Provinsjale Kikkert

logo.ensafh

Yn ‘e jierren ’50 en ’60 opgroeie op It Hearrenfean is neffens my omtrint like slim as opgroeie yn bygelyks Buitenveldert yn Amsterdam. Neat te dwaan. Mei ien ferskil: de jongerein út Buitenveldert wie yn tsien minuten op ’e brommer yn it sintrum fan Amsterdam, dêr’t nozems, dijkers, pleiners en provo’s harren útlibje koenen. Op it Fean wie neat. Fansels, der wie in groepke dwerslizzers. Ik woe dêr graach by hearre. Dat slagge net. Ik sil noait ferjitte dat myn âldelju de âlde keukentafel en -stuollen oan de jongerein fan it Soerkoalpakhûs weijoegen, dêr’t grutte feesten organisearre waarden. In moai gebeart soest tinke.… Lês fierder

Willem Winters

Noazems!

logo.ensafh

Hille Ouwe Bijlsma is gearstaller fan in fotoboek (mei tekst) oer de Ljouwerter noazems yn de jierren ’50. Fansels komme de Rock en Roll-reboelje, de Dingleyboys, de Zwarte Panters en harren ûnderlinge striid en lettere gearwurking oan bar. Bijlsma skriuwt foar it grutste part út de earste hân, hy wie der by, ek doe’t  se it ‘kriminele paad’ opgyngen, ynbrekke en platen jatte. Mar dat wie gaueftich oer doe’t de plysje oan ’e doar kaam.

It noazemdom hat lang dy oandacht net krigen fan skriuwers en ûndersikers as de lettere provo’s. Foar Ljouwert leit der no in moai begjin. It is spitich dat der sprake is fan fersnipeling: fan ’t simmer hie it HCL in tentoanstelling oer ‘it langhierrich rapalje’.… Lês fierder

Anneke van Renssen

Lúkse foar elkenien, yn tiden fan krisis

logo.ensafh

Gelokkich: de hjeldagen binne sa’n bytsje foarby. Willem en ik hawwe in ôfgryslike hekel oan benammen de Krystdagen. Al dy ferskriklike krystbeammen, hiele strjitten mei lampkes, al dy supermerken fol mei ‘lúkse foar elkenien’. Dy lúkse bestiet dan út gourmetguod, rollades, kant-en-kleare sauskes, woarstjes, gebak ensfh. Allegear fierstente folle foar in normaal húshâlden en fierstente djoer yn dizze tiden fan krisis natuerlik. Want it is krisis, dêr komme wy net ûnderút. Takom jier moatte wy mei syn allen besunigje en net sa’n bytsje ek. De broekriemme moat oanhelle wurde.
Mar deis nei de Kryst krige ik in moaie ynfal, fyn ik sels.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

De prins en de roazen

logo.ensafh

It famke lei op in bedsje fol mei reade roazen, de sniewite hannen gear oer it justjes wulve boarst, de eagen wiid iepen. Har eachlidden trillen betiden in bytsje, se wie dus net dea. In swiere sucht, it begjin fan triennen, in huverjen dat oer har hiele lichem hinne luts, fan boppen nei ûnderen, en wer werom. In mankelyk liet oer dappere ridders en sierlike jonkfrouwen rôle fan har bleke lippen, har lûd wie heas en ûnfêst.

‘Heidi! Sjit ferdomme ris op! Hast de wekker net setten? Oer in kertier begjint de skoalle al!’
‘Ik bin net lekker mem, ik fiel my mislik.’… Lês fierder

Willem Winters

Postordershop

logo.ensafh

Lêstendeis wie de gjin-reklame stikker fan ‘e foardoar ferdwûn. Om’t ik net daliks in nije helle kamen der dikke pakken reklamefolders yn de bus. Nei in pear kilo hie ik myn nocht en makke op ‘e kompjûter in nije stikker. De iennige brosjuere dy’t my wol noaske, waard my tastjoerd troch Postordershop.nl.
Wat se dêryn net oanbiede, it is net te leauwen:
As ik myn teannagels behoffenje wol, dan rint dat fanwege myn faak stive en pynlike rêchbonke, altyd út op in ‘Greate Wrakseling’. Postordershop.nl skaft rie: ‘Met onze elektrische Pedicare is je probleem opgelost. Het 15 cm lange verlengstuk maakt dat je armen weer lang genoeg zijn en dat je rug wordt ontzien.’… Lês fierder